Springe nei ynhâld

Strjitte fan Torres

Ut Wikipedy
Strjitte fan Torres
geografy
type wetter see-ingte
lokaasje tusken it Kaap Yorkskiereilân
   fan Austraalje en it eilân
   Nij-Guineä
lân Austraalje
  Papoea Nij-Guineä
koördinaten 9°50′ S, 142°30′ E
ûnderdiel fan Arafuerasee / Koraalsee
sifers
maks. lingte 50 km
maks. breedte 150 km
djiptegemiddelde 7 m
djipste punt 15 m
De Strjitte fan Torres mei de Torresstrjitte-eilannen.
De Strjitte fan Torres mei de Torresstrjitte-eilannen.

De Strjitte fan Torres of de Torresstrjitte is in seestrjitte tusken it Kaap Yorkskiereilân yn de Australyske dielsteat Queensland en Papoea Nij-Guinea. De strjitte is sa'n 150 km breed en ferbynt de Koraalsee yn it easten mei de Arafurasee yn it westen.

De Strjitte fan Torres waard yn 1606 ûntdutsen troch de Spanjert Luis Vaéz de Torres, dy't de súdkust fan Nij-Guinea fan east nei west folge. De earstfolgjende Europeaan dy't de Strjitte wer befarde wie James Cook yn 1770. Ferskate Nederlânske ûntdekkingsreizgers, sa as Abel Tasman, wienen net by steat om út te finen oft it in seestjritte wie of dat Nij-Guinea en Austraalje oan elkoar fêstsieten.

De eilannen fan de Strjitte fan Torres

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Strjitte fan Torres-eilannen hearre ta de Australyske dielsteat Queensland. Sy lizze ferspraat oer in gebiet fan sa'n 48.000 km². Fan de likernôch 247 eilannen binne der mar sa'n 17 bewenne. De Strjitte Torres-eilanners, de oarspronklike bewenners fan de eilannen, binne fan Melanesysk komôf en hawwe de eilannen sa'n 5000 jier lyn fanút Papoea Nij-Guinea befolke. Troch har hannel oer see en ynteraksje mei de Papoeas yn it noarden en de Australyske Aborizjinals is der stadichoan in kulturele ferminging tusken de trije etnyske groepen ûntstien, dy't lykwols al tûzenen jierren tebek begûn is.

Sadwaande wurdt op de eilannen yn de Strjitte fan Torres njonken de bestjoerstaal Ingelsk ûnder oaren ek Mabuiag, Meriam en de mingtaal Torres-kreoalsk praat (in Kreoalske taal dy't besibbe is oan it Tok Pisin fan Papoea-Nij-Guinea.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]