Springe nei ynhâld

Stichting Fryslân Boppe Oranjewâld

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stifting FB Oranjewâld)

De Stichting Fryslân Boppe Oranjewâld (faak ôfkoarte ta FB Oranjewâld, de eardere Stichting Friesland Bank, is in Nederlânske stichting fêstige op It Oranjewâld. De stichting wol de Noard-Nederlânse ekonomy en identiteit befoarderje. De stichting is mearderheidsoandielhâlder (51%) fan de NDC Mediagroep, de útjouwer fan de noardlike deiblêden Ljouwerter Krante, Dagblad van het Noorden en sûnt 1 july 2013 ek fan it Friesch Dagblad.

De stichting ûntstie yn 2012 doe't de Rabobank de Friesland Bank oernaam. De Friesland Bank hat foardat er oernaam waard in part fan syn fermogen oerdroegen oan de Stichting Friesland Bank.

It besit fan de stichting wie fan mjitte ôf oan in diel fan it fermogen fan Friesland Bank: 11 persint fan it oandielepakket Van Lanschot Bankiers, it Lângoed It Oranjewâld, de keunst fan Friesland Bank en sa'n € 25 miljoen ree jild. Totaal wie der fuort 100 miljoen euro yn kas.

Yn juny 2018 kocht Fryslân Boppe Oranjewâld it ferneamde Hotel Lauswolt yn Beetstersweach oer fan 'e Bilderberggroep foar 6,8 miljoen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]