Springe nei ynhâld

Steven Sterk

Ut Wikipedy

Dit is in side oer de Fryske útjouwer;

De Wikipedy hat ek in side Steven Sterk (strip).

Steven Sterk (De Lemmer, 19 maart 1958) is in Frysk skriuwer, útjouwer en boekhanneler út Tsjalbert.

Boekhanneler en útjouwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sterk waard berne op 'e Lemmer, mar brocht syn jonge jierren troch yn Sleat. Nei de middelbere skoalle keas er foar in oplieding oan de skoalle fan de sjoernalistyk yn Utert. Stikjes skriuwen is neat wat fan kaam, dat hy waard húsman. Hy wie ûnderwilens mei frou en dochter ferhuze nei Drachten. Dêr wie er begûn mei in hanneltsje yn twaddehâns boeken. Dat hanneltsje rûn sels sa goed, dat er in boekhannel iepene yn Utert, tichteby de Domtoer.

Neist boekhanneler is er ek útjouwer, tsjintwurdich by Utjouwerij Bornmeer fan De Gordyk. Earder hie er al syn eigen útjouwerij oprjochte: Utjouwerij Steven Sterk. Yn 1998 publisearre dy útjouwer it earste boek: Akten fan Winter fan Eeltsje Hettinga, dat de Fedde Schurerpriis fan 1999 wûn. Hy joech dêrnei ferskate útjeftes út, lykas de Ilias en Odusseia fan Homêros, oerset troch Klaas Bruinsma en Asega, is het dingtijd fan Oebele Vries. Mei yngong fan 1 jannewaris 2006 fusearren Utjouwerij Steven Sterk en Utjouwerij Bornmeer, de lêste wie yn 1992 oprjochte troch Louw Dijkstra en Robert Seton. Offisjeel krige it de namme 20 Leafdesdichten en in liet fan wanhoop BV, dy't hannelet ûnder de namme Bornmeer. It joech bestsellers út, bygelyks De Oerpolder fan Hylke Speerstra. Begjin jannewaris 2012 begûn Louw Dijkstra in eigen útjouwerij, Robert Seton en Steven Sterk setten troch mei Bornmeer.

Sterk hat him ek ûntwikkele as skriuwer. Syn earste boek ferskynde yn 1985 ûnder de titel Ier wurk. It is in boek mei in ferskaat oan koarte en langere teksten sûnder titel. Yn dy tiid wie er ek begûn mei it skriuwen fan in roman, it idee dêrfoar hie er al in skoftke, mar it woe der net rjocht útkomme. Uteinlik hat in sa'n 20 jier duorre ear't it boek ôf wie. Yn oktober 2004 ferskynde de roman Regaad yn ’e himel. It boek giet oer in man dy't nei syn dea yn 'e himel telâne komt, mar it is net wat er der him fan foarsteld hie. It is in satire op de grifformearde tsjerke of it kristendom én op minsken dy’t sa bot fan har gelyk oertsjûge binne, dat se alle feiten oan dat gelyk oanpasse.

In 2003 publisearre Nederlânsk skriuwer Ronald Giphart it boekje Der is gjin dêr, dêre. It is allinne yn it Frysk ferskynd en wie in idee fan Steven Sterk. It is oerset troch Sterk sels en Eeltsje Hettinga.

Nei Regaad yn 'e himel joech er oan foarearst net wer in boek te skriuwen, om't er syn tiid en enerzjy jaan woe oan it útjaan fan bysûndere útjeften yn it Fryske taalgebiet. Dochs ferskynde der begjin april 2012 dochs wer in boek fan de hân fan Sterk. It hat de titel De midden en de beide einen en bestiet út fyftjin ferhalen. Yn dy ferhalen sjocht Sterk werom op syn libbenspaad, de autobiografyske ferhalen hawwe in universele kearn.

eigen wurk
  • 1985: Ier Wurk (sammelbondel)
  • 2004: Regaad yn 'e Himel (roman)
  • 2012: De Midden en de Beide Einen (koarte ferhalen)
oersettings

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]