Springe nei ynhâld

Sterkenburch

Ut Wikipedy

Sterkenburch of Sibrenshûs wie in state yn Sibrandahûs yn Dantumadiel.

Syds Tjaerda fan de Tjaerdastins yn Rinsumageast hie twa soannen, Worp en Bartele. Dy lêste krige of kocht in 1452 dy stins en foege de namme Sterkenburg oan syn famyljenamme ta. Tenei neamde hy him Barthold Tjaerda fan Sterkenburg.

Al gau fêstiget dizze staach fan de famylje Tjaerda him yn de Grinslanner Ommelannen. Se krigen dêr de boarch Wehe tichtby Leens. Dêr hawwe de neisieten fan Bartele iuwenlang wenne. De namme Sterkenburch waard ‘fergrinslanne’ ta Starckenborgh. Wannear't de state ferlitten waard troch de famylje is net dúdlik, yn elk gefal wie dat foar 1700. Oer it ferdwinen fan de state skriuwt de "Tegenwoordige Staat van Friesland" om 1785 allinnich mar: "Van ’t oude huis Sterkenburg is thans maar alleen de Wier overig".

Yn de 50er jierren fan de tweintichste iuw stie op dit steed noch in pleats dy't eigendom wie fan it Douwe Egberts konsern en bewenne waard troch D. de Groot.

  • 1552 Bartele Tjaerda fan Sterkenburch

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: