Stasjon Winsum
Stasjon Winsum station Winsum | ||
Stasjon Winsum (2011) mei rjochts it stasjonsgebou | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | It Hegelân | |
plak | Winsum | |
adres | Stationsweg | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Wsm | |
type | GLS 1e klasse | |
iepening | 16 augustus 1893 | |
boujier | 1891 1e stasjonsgebou 1973 abry 2002 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1973 1e stasjonsgebou | |
yngenieur | 1891 Arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou 2002 Arsjitekt ûnbekent 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Hegelânspoar | |
Stasjon Winsum (1970) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Winsum (Wsm) is in spoarweistasjon yn it doarp Winsum yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1893 oan it Hegelânspoar fan Sauwerd nei Roodeschool dat yn 2018 trochlutsen waard nei Iemshaven.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan Winsum wie in Standerttype GLS 1e klasse, boud yn de jierren njoggentich fan de 19e iuw, en ien fan de fjouwer stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. In ienfâldich heech rjochthoekig gebou mei twa ferdjippingen en in souder. It stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrútsen en ferfongen troch in abry. Yn 2002 krige it brede eilânperron in lift nei de fuotgongerstunnel ûnder it stasjon. Dat jier waard by de yngong fan de tunnel in ienfâldich stasjonsgebou mei in grutte luifel delset, mei dêryn in kiosk en in wachtromte.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 4 37600 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Winsum – Roodeschool – Iemshaven | Fjouwer of fiif treinen deis fan en nei Eemshaven |
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|