Springe nei ynhâld

Stasjon Loppersum

Ut Wikipedy
Stasjon Stedum
station Stedum
Stasjon Loppersum (2018)
Stasjon Loppersum (2018)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
plak Loppersum
adres Stationslaan
arsjitektuer
stasjonskoade Lp
type Standerttype Loppersum
iepening 15 juny 1884
boujier 1883
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Grins - Delfsyl
Stasjon Loppersum (1986)
Stasjon Loppersum (1986)
Stasjon Loppersum (1970)
Stasjon Loppersum (1970)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Loppersum (Grinslân)
Stasjon Loppersum

Stasjon Loppersum (Lp) is in spoarweistasjon yn it doarp Loppersum yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. It stasjon waard iepene yn 1884 oan it Spoar fan Grins nei Delfsyl.

It stasjonsgebou fan Loppersum is in Standerttype Loppersum, boud yn de jierren tachtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de njoggen stasjons dy 't ea fan dit type boud is. It ienfâldige gebou hat in leech middendiel parallel oan it spoar en twa ferskillende eingebouwen heaks op it spoar.

Wannear't it gebou begjin jierren ’70, krekt as de measte oare stasjonsgebouwen yn de noardlike provinsjes, op de nominaasje stiet om sloopt te wurden, witte de ynwenners fan Loppersum dit foar te kommen. Fan de njoggen stasjonsgebouwen fan it standerttype bliuwt sa allinnich dat fan Loppersum bewarre. It stasjonsgebou is ein jierren ’70 al yngrêven ferboud. Dêrby binne de measte fersieringen ferdwûn en is it gebou fan binnen ynrjochte as kantoar. Hjoed de dei is it stasjonsgebou as bedriuwssammelgebou yn gebrûk.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 5
37700
Stoptrein (Arriva) GrinsLoppersumDelfsyl

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: