Stasjon Gorssel

Ut Wikipedy
Stasjon Gorssel
station Gorssel
Stasjon Gorssel om en de by 1910
Stasjon Gorssel om en de by 1910
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Lochem
plak Joppe
adres Joppelaan
arsjitektuer
stasjonskoade Gsl
type Trochgongsstasjon
iepening 5 augustus 1865
sluting 15 maaie 1938
boujier 1863
sloopjier 1963
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
spoarline Steatsline A
kaart
Stasjon Gorssel (Gelderlân)
Stasjon Gorssel

Stasjon Gorssel (Gsl) wie in stasjon oan de Steatsline A yn 'e buorskip Joppe ûnder Gorssel yn de gemeente Lochem yn de provinsje Gelderlân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dy klasse boud is.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 5 augustus 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline A oanlein wie. Yn 1914 waard der oan de linkerkant in koarte fleugel oanboud en krige it middenpart der in ferdjipping by. It stasjon waard sletten yn 1938 en it stasjonsgebou waard yn 1963 ôfbrútsen. Der is hjoed-de-dei hast neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen. It stasjon stie benoarden de spoaroergong yn de Joppelaan, oan wat hjoed-de-dei it Spoorpad hjit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: