Springe nei ynhâld

Stasjon Arnhim Felperpoarte

Ut Wikipedy
Stasjon Arnhim Felperpoarte
station Arnhem Velperpoort
Stasjon Arnhim Felperpoarte yn 2019
Stasjon Arnhim Felperpoarte yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Arnhim
plak Arnhim
adres Sonsbeeksingel 151a
arsjitektuer
stasjonskoade Ahp
iepening 1 oktober 1892
5 jannewaris 1953
sluting 3 juny 1918
boujier 1953 1e stasjonsgebou
1988 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1953
K. van der Gaast
1e stasjonsgebou
1988
R.M.J.A. Steenhuis
2e stasjonsgebou
monumintale status Gemeentlik monumint 1e stasjonsgebou
monumintnûmer 0202/WN1007
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline A
Rhijnspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Arnhim Felperpoarte (Arnhim)
Stasjon Arnhim Felperpoarte

Stasjon Arnhim Felperpoarte (Ahp) iepene op 1 maaie 1868, is it spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Arnhim yn de provinsje Gelderlân. It stasjon leit oan de Steatsline A en de Rhijnspoarwei

1e stasjonsgebou Stasjon Arnhim Felperpoarte yn 1954

It oarspronklike spoarweistasjon fan Arnhim Felperpoarte waard iepene op 1 oktober 1892. Oan beide kanten fan de spoardyk, fuort westlik fan de Velperpoarte, waard in suver hielendal glêzen gebouke mei in houten skelet en dak boud. De geboutsjes rêsten op houten peallen, om't de spoardyk allinnich plak joech oan de rails en in smel houten perron. In heakse trep yn twa dielen mei elk sawat tweintich treden laten de treinreizgers fan de Steenstrjitte ôf nei it stasjon. Stasjon Arnhim Felperpoarte waard op 3 juny 1918 sletten en de abry's waarden ôfbrútsen.

Op 5 jannewaris 1953 waard it stasjon op 'en nij iepene, mei in nij stasjonsgebou op likense hichte mei de ferhege spoarbaan, ûntwurpen troch arsjitekt Koen van der Gaast. Om de wachtromte hinne rint de trep nei boppen. Oarspronklik wie it twadde perron allinnich te berikken fia in oerpaad. Dit geboutsje bestiet noch hieltyd en is tsjintwurdich yn gebrûk as kantoar.

Yn 1988 waard it ferfongen troch twa nije geboukes efkes fierderop lâns de spoarbaan by in nije ûndertrochgong, wêrtroch't it in fiaduktstasjon waard. Hoewol't dy nije geboukes, ûntwurpen troch arsjitekt Rob Steenhuis, út net folle mear as twa treppehuzen bestean hawwe se in grutte boumassa.

Yn 2020 is it stasjon fernijd wêrby't benammen de tagonklikheid en de feiligens om it stasjon hinne ferbettere is. Sa binne de perrons en treppen ferbrede en waarden der liften pleatst foar reizgers mei in rolstoel.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
7600 Sprinter (NS) WijchenNimwegenArnhim SintraalArnhim FelperpoarteSutfen In healoeretsjinst rydt nei 20:00 en op snein net tusken Wijchen en Nimwegen.
RS 32
30700
Stoptrein (Hermes) Arnhim SintraalArnhim FelperpoarteDoetinchem Rydt net yn 'e jûnsoeren (nei 20:00 oere) en it wykein. Fersoarget tegearre mei Arriva in kertiertsjinst tusken Arnhim Sintraal en Doetinchem.
RS 32
30900
Stoptrein (Arriva) Arnhim SintraalArnhim FelperpoarteDoetinchemWinterswyk Fersoarget tegearre mei Hermes troch de wike oant 20:00 oere in kertiertsjinst tusken Arnhim Sintraal en Doetinchem.
RS 32
36900
Stoptrein (Arriva) Arnhim SintraalArnhim FelperpoarteDoetinchemTerborg Rydt allinnich op sneintemoarn en allinnich rjochting Terborg.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: