Springe nei ynhâld

Stasjon Amersfoart NCS

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stasjon Amersfoort NCS)
Stasjon Amersfoart NCS
station Amersfoort NCS
Stasjon Amersfoart NCS yn 2007
Stasjon Amersfoart NCS yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Amersfoart
plak Amersfoart
adres Smallepad 13
arsjitektuer
type Trochgongsstasjon
iepening 20 augustus 1863
sluting 1 jannewaris 1904
boujier 1863
arsjitekt Nicolaas Johannes Kamperdijk
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 8055
oare ynformaasje
spoarline Sintraalspoarwei
kaart
Stasjon Amersfoart NCS (Amersfoart-Sintrum)
Stasjon Amersfoart NCS

Stasjon Amersfoart NCS is in earder stasjon oan de Sintraalspoarwei yn Amersfoart yn de provinsje Utert. It stasjon wie in standertstasjon fan de NCS type earste klasse en ien fan de fjouwer stasjons dy't ea yn dy klasse boud waard. Ek is t ien fan de twa stasjons fan dat type dy't noch oanwêzich is.

Stasjon Amersfoort NCS wie earste stasjon fan Amersfoart en waard iepene op 20 augustus 1863. It lei oan de doe iepene Sintraalspoarwei (UtertKampen) fan de Nederlandsche Centraal-Spoorweg-Maatschappij (NCS). It lei eastlik fan stasjon Amersfoart Sintraal, op 10 juny 1874 waard de ferbining nei HilfertsomAmsterdam (Goailine) yn gebrûk nommen, op 15 maaie 1876 waard dizze line ferlinge nei ApeldoarnSutfen. Dat waard de Easterspoarwei fan de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HIJSM).

Op 18 febrewaris 1886 waard ek de spoarline Kesteren - Amersfoart iepene, wêrtroch't der in nije HIJSM-ferbining Amsterdam – Amersfoart – Nimwegen mooglik waard. Om't dizze line kommende fan út Amsterdam al foar de stêd ôftakket, wie it needsaaklik om oan dizze line in twadde stasjon Amersfoart Steat te iepenjen. Om dochs in oerstap biede te kinnen tusken de beide linen fan de HIJSM waard yn 1889 in ekstra stasjon Amersfoart Oansluting iepene.

Om in ein te meitsjen oan dy ûnpraktyske situaasje fan trije stasjons op koarte ôfstân, waard yn 1901 eastelik fan stasjon Amersfoart NCS in nij stasjonsgebou fan de HIJSM, nei in ûntwerp fan Dirk Margadant, yn gebrûk naam. Ek de treinen fan de NCS soene dêr gebrûk fan meitsje. It âlde NCS-stasjon bleau behâlden as tsjinstgebou; it stiet oan de Smallepad yn Amersfoart.

It stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt Nicolaas Johannes Kamperdijk en kaam yn 1863 ree, yn 1875 is oan de linkerkant in fleugel ferlinge oant fjouwer kear sa lang as de oarspronkkelike lingte, de fleugel oan de rjochterkânt waard twa kear sa lang as dat er yn earsten wie. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as Europeesk haadkantoar fan it ferneamde Amerikaanske gitaarmerk Gibson.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: