Stanley Menzo

Ut Wikipedy
Stanley Menzo

Stanley Menzo (Paramaribo, 15 oktober 1963) is in eardere Nederlânsk proffuotballer, dy't ûnder de latte stie as keeper. Tsjintwurdich is hy trainer by de Fryske fuotbalklup SK Cambuur Ljouwert út Ljouwert.

Menzo spile yn syn fuotbaltiid mear as 350 wedstriden op it heechste nivo, dêrfan it meastepart foar Ajax en kaam seis kear út foar it Nederlânsk fuotbalalvetal.

Stanley Menzo wie yn 1989 ien fan de fuotballers dy't mei it Kleurryk Alvetal in toernoai yn Suriname spylje soene. Hy en Henny Meijer fleinen lykwols net mei de grutte groep mei, mar gongen in fleantúch earder; sa ûntsnapten beide oan de SLM-ramp.