Springe nei ynhâld

Stac Lee

Ut Wikipedy
Stac Lee
Stac Lí
Basis-ynformaasje
Namme Stac Lee
Lân Skotlân
Eilannegroep Sint-Kilda-arsjipel
Lokaasje Atlantyske Oseaan
Ynwenners 0
Oerflak 0.023 km²

Stac Lee (Skotsk-Gaelysk: Stac Lí) is in 2,3 hektare, 165–172 meter boppe de seespegel útstekkend rotseilân (Stack of brâningspylder) yn de St. Kilda-arsjipel 150 km út de westkust fan Skotlân. De arsjipel wurdt ta de Bûten-Hebriden rekkene. Nei de Stac an Armin (191 meter) is Stac Lee de heechste Stac yn it Grut-Brittanje.[1]

Martin Martin neamde it eilantsje "Stac-Ly", oare boarnen sprekke fan "Stac Lii."[2]

De rots leit sa'n 7,5 kilometer noardwestlik fan it haadeilân Hirta en 550  meter bewesten Boreray. Op de stac stiet in lytse skûlhutte (cleit), dy't eartiids troch aaisikers en fûgelfangers brûkt waard at hja om reden fan in ûnrêstige see net werom nei it doarp op Hirta komme koene. It lânjen op de Stac wie út soarte in drege en gefaarlike ûndernimming.

Der wurdt rûsd dat goed 10.000 fûgels (Ganten) in briedplak op de rots hawwe.[3] As diel fan de Sint-Kilda-arsjipel heart de Stac ta it Wrâlderfgoed fan de UNESCO.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Höhenangaben nach dem National Trust for Scotland - St Kilda. jannewaris 2007.
  2. Norman Heathcote: Climbing in St Kilda yn Scottish Mountaineering Club Journal. Maaie 1901, diel 6, siden 147–151. gdl.cdlr.strath.ac.uk 30 maaie 2014
  3. Gannet colony on Stac Lee and Boreray- 19 maaie 2008
  4. St Kilda World Heritage