Bûtenste Hebriden
De Bûtenste-Hebriden (Skotsk-Gaelysk: Na h-Eileanan Siar, Ingelsk: Outer Hebrides) binne in groep eilannen sa'n 60 km foar de westkust fan Skotlân, dy't part binne fan de Hebriden. Se binne skieden fan de Binnen-Hebriden en Schotland troch de Minch, de Lytse Minch en de Hebridensee. De haadstêd is Stornoway (Steòrnabhagh) op it eilân Lewis. De arsjipel hat in oerflak fan 3.071 km² en dêr wenje sa'n 26.000 eilanners.
Bestjoerlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bûtenste-Hebriden is in riedsgebiet (council area) mei de offisjele Skotsk-Gaelyske namme Na h-Eileanan Siar ('Westlike Eilannen'). De oantsjutting Na h-Eileanan Siar wurdt brûkt sûnt 1997 en wurdt ek yn offisjele Ingelsktalige teksten brûkt.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folgjende eilannen behearre ta de Bûtenste Hebriden(fan noard nei súd): Bewenne:
- Lewis en Harris
- Grut Bernera
- Scalpay
- Uist (Uibhist):
- Barra
- Vatersay
Unbewenne:
- Sula Sgeir
- North Rona:
- Shianteilannen
- Barra Head
- Flannaneilannen
- Haskeir
- Monacheilannen
- St. Kilda
- en noch in protte lytse ûnbewenne eilannen: Campay, Coppay, Flodday, Floday, Gilsay, Heiskers, Hermetray, Kirkibost, Lingay, Little Bernera, Little Shillay, Mealasta, Mingulay, Opsay, Pabay Mor, Pabbay, Sandray, Scaraway, Scarp, Shillay, Soay Beag, Soay Mor, Stockay, Sursay, Tahay, Taransay, Vacsay, Vallay, Wiay en oare.
De tsien grutste eilannen fan de Bûtenste Hebriden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme | Oerflak (km²) | Ynwennertal (2001) | Heechste punt (m) |
---|---|---|---|
Lewis en Harris | 2.170,0 | 18.489 | 799 |
South Uist | 320,3 | 1.818 | 620 |
North Uist | 303,1 | 1.271 | 347 |
Benbecula | 82,0 | 1.219 | 124 |
Barra | 58,8 | 1.078 | 383 |
Great Bernera | 21,2 | 233 | 87 |
Taransay | 14,8 | 0 | 267 |
Berneray | 10,1 | 136 | 93 |
Grimsay | 8,3 | 201 | 22 |
Eriskay | 7,0 | 133 | 185 |