Springe nei ynhâld

Flannaneilannen

Ut Wikipedy
Lizzing fan de Flannan-Eilannen

De Flannan Islands (of Flannan Isles) is in groep fan tolve, rotsige eilantsjes likernôch 30 kilometer út de kust fan Lewis yn Skotlân. Se wurde ek wol The Seven Hunters neamd. Se hearre by de Bûtenste Hebriden. It totale lânoerflakte is mar 50 ha..
De grutste eilannen binne Eilean Mòr ('grut eilân) en Eilean Taigh (hûseilân). De hjoeddeisk ûnbewenne eilannen binne in fûgelreservaat en sûnt 1983 in Site of Special Scientific Interest.

Yn it ferline hawwe dêr faaks kluzeners wenne en kamen der pylgers. Yn alle gefallen hat it grutste eilân n Eilean Mòr in ruïne fan in kapeltsje wijd oan St. Flannan (identiteit ûnwis) en Eilean Taigh it oerbliuwsel fan in wente. Iuwen oanien hawwe manlju fan Lewis de eilannen ôfstrûpt foar aaien, fûgels en fearren (foaral dy fan de Eider).

Fjoertoer op Eilean Mòr

Op Eilean Mòr waard tusken 1895 en 1899 in fjoertoer en in wachterswente set nei in ûntwerp fan David Alan Stevenson en Charles Alexander Stevenson. Opdrachtjouwer wie de Northern Lighthouse Board (NLB). De toer is 23 m. heech en syn ljocht rikt 20 nautyske milen.
Yn 't earstoan wie der gjin radioferbining mei de wâl. Dêrom krige gamekeeper Roderick MacKenzie as ekstra taak om fan Gallan Head op Lewis it funksjonearen fan de toer yn 'e gaten te hâlden en te tinken om ljochtsinjalen fan de wachters. Yn 1925 kaam der in triedleaze tillegraafferbining. De fjoertoer is oant septimber 1971 bemanne west. Doe waard it in Major Automatic Light. It eilân en de toer wurde no ien kear yn 't jier ynspektearre troch de NLB.

It mystearje fan 1900

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 desimber 1899 foel it de bemanning fan it stoomskip Archer op dat it ljocht fan de fjoertoer út wie. Kaptein Jamie Harvie fernijde dat yn Oban.

Om't it al dagen stoarmwaar west hie, kaam it befoarriedingsskip Hesperus mei seis dagen opûnthâld op 26 desimber by Eilean Mòr oan, mei foarrie en de ôflosser Joseph Moore. De weitjers James Ducat, Thomas Marshall en Donald McArthur wienen nearne te finen en reagearren net op lûd- en ljochtsinjalen. Moore en trije man fan de Hesperus strûpen it hiele eilân ôf, mar fûnen gjin minske.

It frjemdste fan de saak wie dat de lêste notysje in it lochboek fan 15 desimber, 9 oere wie. Dat de manlju binne ferdwûn doe't de stoarm him al dellein hie.

It fierst westlik part fan Flannan Isles: Eilean a' Ghobha en Roareim mei Brona Cleit yn de fierte

Op 29 desimber 1900 kaam NLB-ynspekteur Robert Muirhead nei it eilân om de saak te ûndersykjen. Hy befêstige wat Moore en syn mannen ek al tocht hienen: Eilean Mòr wie slim teheistere west troch hege seeën. Dat die bliken út skea oan begroeiïng op grutte hichte, treppen en oare materialen. Ek wie der in ton swier rotsblok fan 't plak rekke. Fierders like it wol dat de trije fjoertoerwachters hastich, sûnder harren oaljepakken oan, bûtendoar rekke wienen. Hja konkludearren dat de wachters fan it eilân spield wêze moasten troch ekstreem hege weagen.

De autoriteiten hiene genôch oan de wierskynlike tadracht fan it ûnk en lieten de saak fierders gewurde. Oaren koenen har der net by deljaan en it spekulearjen begûn, ek om't slutend bewiis nea kommen is en der nea in spoar fan de manlju wer fûn is. Guon mienden dat de wachters ûntfierd wiene troch bûtenlânske spionnen of dat se meinaam wiene troch mânske seefûgels of sels kolossale seeslangen. Letter kamen der paranormale ferklearrings by, bygelyks ûntfiering troch bûtenierdske wêzens yn UFO's. Ek is der tocht oan moard of dat se harsels tekoart dien hienen.

It romantysk byld fan trije man yn de iensumens fan in isoleare, desolaat eilân sil harres wol ta alternative ferklearrings dien hawwe.

Yn hiel it lân waard der oer skreaun: yn kranten, lieten en fersen. Ek resinter hat it foarfal keunstners ynspireare. Yn 1968 naam de popgroep Genesis de song The Mystery of the Lighthouse op. Peter Maxwell Davies (1934–2016) skreau yn 1979 de keameropera The Lighthouse en fan Angela J. Elliot ferskynde yn 2005 de roman Some Strange Scent of Death.

Serieus ûndersyk troch Nicolson yn 1995 en troch Hamish Haswell-Smith foar syn boek The Scottish Islands 2004 hawwe einliks neat nijs opsmiten oer de ferdwining fan Ducat, Marshall en McArthur. Mar it lêste wurd sil der noch wol net oer sein wêze.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]