Springe nei ynhâld

Sint Vitus fan Aldehou

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan St. Vitus fan Aldehou)

Foar de tsjerkeskiednis fan Ljouwerteradiel is de St. Vitus fan Aldehou tige wichtich west. De St. Vitus fan Aldehou is stifte troch de Benediktiner ryksabdij fan Corvey. Dy ryksabdij wie yn 822 stifte troch Karel de Grutte. Karel de Grutte en syn opfolgers hienen der in polityk belang by dat der tsjerken stifte waarden. In protte Fryske grûn wie der yn hannen kommen fan kleasters bûten Fryslân. Ek de abdij fan Corvey hie yn Fryslân besit. Neist de biskop fan Utert stiften ek dizze kleasters tsjerken. Corvey hie besit yn it doetiidske doarp Aldehou. Corvey die ek mei oan de polityk fan har stifter. Yn de lêste helte fan de njoggende iuw moat de St. Vitustsjerke der kommen wêze. De tsjerke krige syn namme fan de patroanhillige fan it kleaster. Hoe’t dy earste tsjerke der útsjoen hat, is net mear nei te gean.

De parochjegrinzen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Safier as nei te gean is, leinen de parochjegrinzen tusken wat no it fan Harinxmakanaal is, dan gie dy by nei te noarden by Miedum en Wyns lâns nei de Hijumer Feart, dêrnei gie er wer nei it suden lâns de eastlike kant fan de Middelsee. Al de minsken dy’t wennen yn gebiet moasten nei Aldehou om nei tsjerke te gean. Foar dy tiid wienen dit tige grutte ôfstannen. Der waarden dan ek ienfâldige kapellen boud. Yn sa’n kapel mocht allinne de mis opdroegen wurde. Begrave en dope moast yn Aldehou barre. Yn eardere tiden mocht der yn it plak sels begroeven wurde. Der kamen klachten oer. Foaral yn ‘e winter wie Aldehou net te berikken, dat der kamen tsjerken yn it bûtengebiet. De earste is Stiens west. Ek dêr kaam in St. Vitustsjerke. Under dy tsjerke foelen Stiens, Feinsum, Hijum, Britsum en Wyns. Letter kaam hjir noch by dat as in plak doarpsrjochten hawwe woe, it in tsjerke hawwe moast moast. Sa krige Stiens dochtertsjerken yn Ljouwerteradiel.

De ynfloed fan Corvey waard minder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljouwert en Corvey leinen te fier fan inoar. Boppedat woe de biskop fan Utert syn rjochten op Fryslân wier meitsje tsjinoer de greven fan Brunswyk. Yn 1143 waard Herbert fan Nordheim abt fan it kleaster Corvey. Hy wie besibbe oan de greven Brunswyk. Hy hat in part fan kleasterbesit ferkocht. De keizer beneamde doe Hindrik ta abt. Hindrik hat in protte dien om de skea te beheinen. Hy rôp dêr de help yn fan biskop Hartburd fan Utert, dy’t fan Fryske komôf wie. Oft dit slagge is, is de fraach. De praktyk sil west hawwe dat it behear fan de tsjerken by de opkommende adel en de geastlikheid kaam te lizzen. Eins ûntstie der sa in fakuüm.

Mariëngaarde naam it oer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1300 hinne seach it Kleaster Mariëngaard fan Hallum de kâns om it patronaatsrjocht op de St. Vitustsjerke oer te nimmen. Mariëngaarde hie al in protte besit yn Hijum en Feinsum en yn oare plakken. Ek oan de Nijstêd, yn de parochje fan St. Vitus, hie it kleaster Bethlehem, dat ien part mei Mariëngaarde foarme, besit.
Fierders kamen de prysters fan oare Ljouwerter tsjerken, Us Leave Frouwetjerke, mei deselde patroanhillige as Mariëngaarde, de St. Catharinetsjerke yn Hoek en de tsjerken Lekkum en wierskynlik ek Miedum út Mariëngaarde.
Boppedat seach Mariëngaarde kâns op de rjochten fan de Burmania’s dy’t neist de tsjerke wennen, oer te nimmen. Dit paste dan ek wer sûnder naad yn de polityk fan de Camminga’s.

Ljouwert krige de rjochten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1435 krigen de doarpen Aldehou, Nijehou en Hoek stedsrjochten. De macht fan de Camminga’s wie wilens belune en koenen sa net mear foar Mariëngaarde opkomme. It stedsbestjoer, de boargers, seagen doe kâns om it rjocht om geastliken te beneamen nei har ta te lûken. Bûten de stêd, yn Ljouwerteradiel, holde Mariëngaarde syn macht.