Springe nei ynhâld

Spetzerfehn

Ut Wikipedy
Spetzerfehn
Späets
Mûne fan Spetzerfehn
Mûne fan Spetzerfehn
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Auwerk
Gemeente Großefehn
Sifers
Ynwennertal1.934 (21 july 2022)[1]
Oerflak8,17 km²
Befolkingsticht.237 /km²
Hichte3 m
Oar
Ferkearsieren72
Postkoade26629
Netnûmer04943
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 23' N 7° 37' E
Kaart
Spetzerfehn (East-Fryslân)
Spetzerfehn

Spetzerfehn (Eastfrysk Plat: ''Späets[2]) is in doarp yn de gemeente Großefehn, lizzend yn de dielsteat Leechsaksen, Dútslân. It doarp leit yn it eastlike diel fan Eastfryslân en is benammen bekend om syn feankultuer en karakteristike wiken.

Spetzerfehn leit yn it súdeastlike diel fan de gemeente Großefehn, sawat 15 kilometer súdwestlik fan de stêd Auwerk. It doarp wurdt omjûn troch in netwurk fan kanaaltsjes en greppels dy't yn it ferline brûkt waarden foar it ôffieren fan it fean.

Spetzerfehn waard stifte yn de 18e iuw as in feankoloanje. De namme "Fehn" ferwiist nei de feanterij, in wichtige ekonomyske aktiviteit yn dy perioade. Spetze ferwiist nei de plankewei (Spetze) dy't troch it fean fan Aurich-Oldendorf nei Strackholt rûn. De earste delsettingen yn Spetzerfehn datearje fan 1746, doe't kolonisten har hjir fêstigen om it fean ôf te graven en it lân klear te meitsjen foar lânbou.

Yn de 19e iuw groeide Spetzerfehn stadichoan en ûntwikkele it him ta in bloeiend doarp. De wiken (feankanaaltsjes) waarden brûkt foar it ferfier fan turf en oare guod. Dy kanaaltsjes binne hjoed-de-dei noch altyd in wichtich ûnderdiel fan it lânskip en jouwe it doarp syn unike karakter.

Bysûndere bouwurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De wiken: De kanaaltsjes en greppels dy't troch it doarp rinne binne in herinnering oan de feankultuer fan de regio.
  • De mûne: In tradisjonele Eastfryske wynmûne dy't noch altyd operasjoneel is en in besite wurdich.
  • De tsjerke: In histoaryske tsjerke út de 19e iuw mei in karakteristike arsjitektuer.

Ekonomy en Ynfrastruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Spetzerfehn wie fanâlds basearre op lânbou en feanterij. Nei de feanterij bleau de lânbou oer en hjoed-de-dei spilet it toerisme in tige beskieden rol.

De ynfrastruktuer fan it doarp is goed ûntwikkele mei ferskate ferbiningswegen nei omlizzende doarpen en stêden. Spetzerfehn is goed berikber mei de auto, it iepenbier ferfier is beheind ta sporadyske busferbiningen nei Großefehn en Auwerk.

Kultuer en Mienskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spetzerfehn hat in aktyf mienskipslibben mei ferskate ferienings en eveneminten dy't troch it jier hinne organisearre wurde. Der binne sportferienings, histoaryske genoatskippen en kulturele klups dy't bydrage oan de mienskip.

Berne yn Spetzerfehn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Arbeitsgruppe "Spetzerfehngeschichte(n)": Spetzerfehn: Geschichte(n) und Bilder eines Fehns, útjûn troch Arbeitsgruppe "Spetzerfehngeschichte(n)", Mettcker, Jever 1995
  • Martin Stolzenau: Als Friedrich II. Spetzerfehn gründen ließ. Yn: Heimat am Meer, bylage fan de Wilhelmshavener Zeitung, Nr. 7/2021, fan 27. maart 2021, S. 28.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Spetzerfehn

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Großefehn
Haadplak: Ostgroßefehn
Doarpen: AkelsbargAurich-OldendorfBagbandFeldeFiebingHoltropMittegroßefehnSpetzerfehnStrackholtTimmelUlbargenWestgroßefehnWrisse
· · Berjocht bewurkje