Springe nei ynhâld

Spegelreadsturtsje

Ut Wikipedy
spegelreadsturtsje

Mantsje

Wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readsturtsjes (Phoenicurus)
soarte
Phoenicurus auroreus
Pallas, 1776
IUCN-status: net bedrige

It spegelreadsturtsje (Phoenicurus auroreus) is in East-Aziatyske fûgelsoarte út de famylje fan 'e Muscicapidae (miggesnappers).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mantsje en wyfke.

It spegelreadsturtsje is tusken de 14 oant 15 sm lange fûgel en lykas by oare soarten fan it skaai Phoenicurus binne de ferskillen tusken de geslachten grut. Mantsjes hawwe yn 'e briedtiid in grize krún en nekke mei in ljochtere foarholle en in ljocht streek by de krún lâns, in swart gesicht en kin, in brune mantel en brune wjukken mei in grutte wite flek (spegel). It boarst, de búk en de stút binne oranje, lykas ek de sydkanten fan de fierder swarte sturt. Jonge mantsjes binne itselde tekene, mar saaier en minder sprekkend.

Wyfkes binne fan boppe brún en bleker fan ûnder en hawwe in ljochte eachring. De stút en de bûtenste sturtfearren binne oranje. Lykas de mantsjes ha wyfkes ek in wite wjukflek.

Snaffel, poatsjes en eachjes binne fan beide geslachten swart.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De spegelreadsturt libbet yn iepen bosk, oan boskrânen en fjildrânen. De fûgel wurdt faak yn parken en stedstunen sjoen.

Fan 'e fûgel binne twa ûndersoarten bekend:

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It spegelreadsturtsje hat in tige grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't net bekend is hoe grut de populaasje is, wurdt der oannommen dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan IUCN as net bedrige klassifisearre.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: