Springe nei ynhâld

Solitêre planeet

Ut Wikipedy
In artistike ympresje fan in gasreus-eftige solitêre planeet.

In solitêre planeet, nomadyske planeet, weesplaneet, swalkjende planeet of stjerleaze planeet (ek bekend ûnder de Ingelske beneaming rogue planet, "lossleine planeet") is in himellichem mei de massa fan in planeet dat frij omdoarmet yn 'e ynterstellêre romte, sûnder ta in planetestelsel te hearren dat om in stjer hinne rûntsjedraait. De earste solitêre planeten waarden yn 2011 troch astronomen ûntdutsen en hiene de massa fan in gasreus lykas Jupiter. Yn septimber 2020 waard de ûntdekking bekendmakke fan 'e earste solitêre planeet ter grutte fan in terrestryske planeet lykas de Ierde (dy't de namme OGLE-2016-BLG-1928 krige). De neiste solitêre planeet is, ynsafier bekend, WISE 0855-0714, op in ôfstân fan likernôch 0,13 ljochtjier fan 'e Ierde.

Astronomen ornearje logyskerwize dat solitêre planeten oarspronklik wol diel útmakke hawwe fan in planetestelsel, om't se oars net foarme wiene, mar dat se op in stuit op 'e iene of oare manear oan 'e swiertekrêft fan harren stjer ûntsnapt binne. Hoefolle fan sokke planeten der yn 'e Molkewei binne, is net dúdlik. Astronomen hawwe op basis fan 'e útkomsten fan ferskillende ûndersiken ûnderskate skattings dien, dy't útinoar rinne fan 2 oant 100.000 kear it tal oanwêzige stjerren, wat delkomt op in oantal tusken 4 miljard en 200 triljoen (200.000 miljard).

Mei't solitêre planeten it ljocht misse dêr't in stjer foar soarget en dus yn oanhâldend tsjuster ferkeare, liket it tige ûnwierskynlik dat op sokke planeten bûtenierdsk libben oantroffen wurde kin. Mar sels in himellichem ter grutte fan 'e Ierde hat genôch eigen swiertekrêft om ûnder sokke omstannichheden in atmosfear fan wetterstof en helium fêst te hâlden en yn teory soe de geotermyske enerzjy yn 'e planeetkearn genôch waarmte ôfjaan kinne om 'e temperatuer op it planeetoerflak boppe it friespunt fan wetter te hâlden. Dat betsjut dat op solitêre planeten floeibere oseänen bestean kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.