Springe nei ynhâld

Soay (Sint-Kilda)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Soaigh)
Soay
Soaigh
Basis-ynformaasje
Namme Soay
Lân Skotlân
Eilannegroep Sint-Kilda-arsjipel
Lokaasje Atlantyske Oseaan
Ynwenners 0
Oerflak 99 ha
De Sint-Kilda-arsjipel

Soay (Skotsk-Gaelysk: Soaigh) is it fierst westlike eilân fan Sint-Kilda.

Soay leit benoardwesten it haadeilân Hirta, dêr't fan skieden is troch in seestrjitte fan in heale kilometer breed. Yn dat wetter leit de Stac Shoaigh. Súdwestlik fan de Stac Shoaigh (61 m), tichteby de kust van Soay, leit de Stac Dona, de „minne rots“. Fan west nei east is Soay nearne twa kilometer breed. It eilân dat lykas de hiele arsjipel in oerbliuwsel fan in âlde fulkaan is, is rotsich en hat frijwat steile skeanten. It heechste punt is de Cnoc Glas, de „grize hichte“, mei 376 meter. Bewesten de top leit is dobbe, Tobar Ruadh, mei rûnom in stiensirkel en wat fegetaasje. Benoarden Soaigh leit noch it rotseilantsje Am Plastair. De hiele Sint-Kilda-arsjipel wurdt beheard troch de National Trust for Scotland en binne part fan it wrâlderfgoed.

De bewenners fan Hirta besochten Soay, lykas ek de oare eilannen en Stacs, geregeldwei om Noardske stoarmfûgels en Seepappegaaien te fangen om har' fleis en fearren. Sy holden dêr ek in apart skiepperas foar harren wol, it tige behurde Soay-skiep. Alinne út need waard der wolris ien slachte. Dy skiep, dy't der oars no noch libje, hawwe it eilân syn namme besoarge: de Wytsingen neamden it eilân Soay, wat 'skieppe-eilân' tige betsjut. It is net witten oft de skiep dêr doe al wiene of dat de Wytsingen se yntrodusearre hawwe. Op it eilân Boreray libbet in besibbe Soaysoarte.

It wurdt ûnwierskynlik achte dat Soay ea fêste bewenne west hat.