National Trust for Scotland

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Craigievar Castle dat beheard wurdt troch de National Trust for Scotland
Ben Lomond yn de Skotske Heechlannen, ek ûnder behear fan de NTS

De National Trust for Scotland (NTS) (Skotsk-Gaelysk: Urras Nàiseanta na h-Alba) is in woldiedichheids ynstelling yn it Feriene Keninkryk, oprjochte yn 1931, mei as doel it behâld fan "plakken fan histoarysk belang of natuerlijke skientme" yn Skotlân. De National Trust docht itselde yn it Feriene Keninkryk bûten Skotlân. De National Trust for Scotland is sa'n bytsje itselde as Monumintesoarch en de Feriening Natuermonuminten yn Nederlân.

De organisaasje wurdt net stipe troch de oerheid, mar moat it hawwe fan entreejild fan de 1,7 miljoen besikers, abonneminten fan de 290.000 leden, donaasjes, legaten en de winst dy't út kommersjele aktiviteiten helle wurdt. It deistich wurk wurdt foar it grutste part dien troch goed 500 wurknimmers.

De NTS besit en beheart goed 127 lokaasjes en 760 km² grûn, histoaryske huzen, tunen en sels buorskippen.

Ferneamde plakken dy't beheard wurde troch de National Trust for Scotland binne ûnder oaren Sint Kilda, dat de wrâlderfgoedstatus hat, Glen Coe en Craigievar Castle

It Culzean Castle en it besikerssintrum by it slachfjild fan Culloden binne grutte publykslûkers.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.nts.org.uk/about/downloads/report_and_statements_08-09.pdf