Sloterdijckshûs

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

It Sloterdijckshûs is in hearehûs of state oan de Grutte Sylroede yn de buert Statum, it súdlike stik fan Makkum, gemeente Wûnseradiel.

It hûs is grif boud yn de 18e iuw. It eptige keapmanshûs stiet oan de Grutte Sylroede, en hat útsjoch oer de Syl. It grutte steatlike Sloterdijckshûs is prachtich fersierd en soe net misstean oan ien fan de eptige grêften yn Amsterdam. Dit hûs waard bewenne troch de famylje Sloterdijck. Dy famylje kaam mooglik oarspronklik út Balk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: