Springe nei ynhâld

Slingertún

Ut Wikipedy
Plan fan Jan Vroom sr. foar it oanlizzen fan in tún op de Demalihoeve yn Oostwold

In slingertún is in tún of park dy't yn de njoggentjinde iuw gauris oanlein waard by Grinslânske en Eastfryske boargen en steatlike pleatsen yn Ingelske lânskipsstyl.

Tekenjend foar de slingertunen is it ferskil yn hichte en it kringelich ferrin fan wetter, paden en skiedings. Grutboeren lieten slingertunen oanlizze om harren steatlike pleatsboargen mear oansjen te jaan.

In foarbyld fan in slingertún is de Histoaryske tún Tammen yn Bunderhee yn it Eastfryske Reiderlân.

Oer it doarp Beerta yn Grinslân waard songen troch Bert Schierbeek yn it gedicht De slingertuinen van Beerta.