Springe nei ynhâld

Slachtepop

Ut Wikipedy
Slachtepop
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wommels
holden yn Littenserbuorren
tiid fan it jier begjin juny
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival / sport (keatsen)
sjenre popmuzyk
bestean 2012 – no
offisjele webside
www.slachtepop.nl

Slachtepop is in mingd sportbarren en muzykfestival dat ienris yn it jier oan it begjin fan juny holden wurdt op 'e terp yn 'e buorskip Littenserbuorren, ûnder it Fryske doarp Wommels, deunby de Slachtedyk en de bekende Slachtebrêge oer de N359. Dit twadeiske evenemint wurdt organisearre op in freedtejûn en in sneontejûn.

De freeds wurdt der keatst by in barren dat de Wylde Nachtkeatspartij hjit. Dat begjint de jûns om 19.00 oere, en der dogge maksimaal 44 partoeren oan mei. De organisaasje meldt fierders dat alles mongen wurdt: "manlju, froulju en genderneutraal." Under it keatsen wurdt der ek muzyk makke; dy waard bgl. yn 2018 fersoarge troch de Vocal Roses, "de Fryske O'G3NE".

De sneons wurdt it eigentlike muzykfestival holden, dat de jûns om 21.30 oere begjint. De organisaasje neamt dat "it Iepen Frysk Kampioenskip Drankjes Nuttigjen". Dit evenemint hat faak in beskaat tema. Yn 2018 wie it bygelyks hielendal yn après-ski-sfear oanklaaid. De muzyk wie dêr dan ek nei, en soe, neffens de organisaasje "de feestgongers meinimme nei Tiroal [...]. Op 'e ein fan jûn komt men fansels wer werom yn 'e tinte."

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, Slachtepop op 8 en 9 juny Littenserbuorren Wommels, yn: Op 'e Skille, 30 maaie 2018, s. 3.