Slach om de Musa Dagh

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kaart fan de stellingen
Armeenske striders op de Musa Dagh
De efakuaasje fan de Armenen yn 1915 mei Frânske skippen

De Slach om de Musa Dagh barde yn 1915 en wie ien fan de fjouwer foarbylden fan wapene ferset fan de Armeenske befolking tsjin de folkemoard troch de troepen fan it Jong-Turkske regear yn it Osmaanske Ryk.

Nei't de 4.058 bewenners fan de Armeenske doarpen (Kabusia (Kaboussieh), Yoghunoluk, Bitias, Vakıflı, Kheter Bey (Khodr Bey) en Haji Habibli), dy't op de hellingen fan de Musa Dagh (Berch fan Moazes) leine, de oprop krigen om harren ree te meitsjen foar twongen deportaasje, flechten hja nei it heechste diel van de berch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 13 july 1915 krigen de bewenners fan de Armeenske doarpen op de Musa Dagh de oarder om harren klear te meitsje foar deportaasje. De doarpslju hiene al heard fan de deadenmarsen en de moardpartijen yn it lân en wiene net fan doel om harren sûnder ferset de dea yn jeie te litten. Under beskerming fan likernôch 250 striders, dy't ûnder fiering fan Moses Der Kalousdian stiene, teach de befolking mei harren fee en wat hja fierders meinimme koene nei de top fan de berch. Doe't de Armenen nei in dei rinnen oankamen, waard der fuortendaliks útein set mei it oanlizzen fan fersterkings. Slûpskutters namen wichtige posysjes yn. Fan de 60 Armeenske hûshâldings dy't meiwurken oan it deportaasjebefel waard nea wer wat fan heard.

De Ottomaanske troepen wiene numeryk en materieel yn it foardiel en foelen de Armeense fêsting hieltyd wer oan. It slagge de troepen likegoed net om troch de Armeenske ferdigening hinne te brekken en lang om let waard der besletten om de Armenen dan mar út te hongerjen. Mei it ferstriken fan de tiid waarden de Armeense foarrieden jimmeroan lytser en groeide it besef dat der oan in ûntsnappingsplan wurke wurde moest. Nei inkele mislearre fersiken om help waarden der op 2 septimber twa swimmers opsteld, dy't fan ôf de Musa Dagh nei foarby farrende skippen swimme moasten om help yn te skeakeljen. Om mear oandacht te lûken waarden grutte spandoeken mei it reade krús en de Ingelske tekst: "Christians in distress. Rescue" tusken beammen ophongen. Der gyng nochris in Turkske oanfal foarby, mar op 12 septimber ferskynde de Frânske kruser Guichen oan de kime. Nei't ien fan de swimmers it skip intere en de admiraal ynformearre oer de benearjende sitewaasje fan de Armenen, warskôge de admiraal it yn de buert lizzende flaggeskip Jeanne d'Arc. It duorre net lang doe't de Jeanne d'Arc mei mear skippen help brocht. Sa wist de bevolking van de Musa Dagh oan in wisse dea te ûntkommen. De flechtlingen waarden troch de skippen nei Port Saïd en yn in flechtlingenkamp ûnderbrocht.[1]

Nei ôfrin fan de Earste Wrâldkriich setten de Armenen harren wer nei wenjen yn harren doarpen op de Musa Dagh, dy't no ûnder Frânsk mandaat foelen. It gebiet waard lykwols yn 1939 anneksearre troch Turkije mei fan gefolgen dat de Armenen tegearre mei oare kristlike minderheden op'e nij fan hûs en hiem ferjage waarden. By de ruïnestêd Anjar yn Libanon fûnen hja in nij hinnenkommen yn in provisoarysk tintenkamp. De hjoeddeiske bewenners fan Anjar foarmje it neiteam fan dizze Armeenske flechtlingen en de stedsdielen fan Anjar binne ferneamd nei de seis Armeenske doarpen op de Musa Dagh.[2]. De Armenen yn Vakıflı bleaune efter. Foarhinne wiene der tûzenen Armeenske doarpen yn Turkije, dêrfan is allinnich it lytse Vakıflı mei in ferâlderde befolking fan likernôch 130 ynwenners oerbleaun.[3]

Monumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de Armeenske striders dy't by de ferdigening fan harren folk op de berch it libben lieten, waard nei it weromkommen fan de Armeenske befolking yn de jierren 1920 in lyts tsjerkhôf mei in monumint oprjochte. De Turkske oerheid hat it monumint neitiid ferneatige om sa de oantinkens oan it ferline fuort te feien. De striid op de Musa Dagh wurdt tsjintwurdich mei monuminten yn Armeenje (Jerevan), Kanada (Cambridge) en Libanon (Anjar) betocht.[4]

Die vierzig Tage des Musa Dagh[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoaryske roman Die vierzig Tage des Musa Dagh (De fjirtich dagen fan de Musa Dagh) fan de Eastenrykse skriuwer Franz Werfel brocht it Armeenske ferset op de Musa Dagh ûnder gruttere publike oandacht. De roman waard skreaun nei't Werfel djip rekke waard troch in moeting mei Armeenske wezen yn in fabryk yn de Syryske haadstêd Damaskus. De earste publikaasje fan it boek wie yn 1933 en it waard dêrnei yn tal fan talen oerset.

It Amerikaanske mediabedriuw MGM hat in grut tal kearen besocht it boek te ferfilmjen. De in earste produksje waard yn 1934 útein set met Clark Gable yn de haadrol, mar nei presje fan Turkije seach MGM ôf fan it plan. Dêrnei waard noch oant yn de jierren 1970 wit hoe folle kearen besocht de ynhâld fan it boek om te setten yn in werjefte op it wite doek. Op syn minst 12 skripten waarden skreaun. Mar yntusken wie Turkije troch de Kâlde Kriich foar de Feriene Steaten in wichtich bûnsgenoat wurden en alle kearen om it boek te ferfilmjen sneuvelen ûnder druk fan it Turkske regear.[5]

Ôfbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: