Cambridge (Ontario)
Cambridge | ||
Iepenbiere bibleteek Galt oan de Grand | ||
Polityk | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Ontario | |
Regio | Waterloo | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 126.748 (2011) | |
Oerflak | 112,86 km² | |
Befolkingsticht. | 1122 / km² | |
Hichte | 329 m | |
Oar | ||
Stifting | Jnnewaris 1973 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Offisjele webside | ||
www.cambridge.ca |
Cambridge is in stêd (city) yn Kanada yn de provinsje Ontario.
De stêd leit sa'n 90 km bewesten Toronto, de grutste stêd fan it lân. Cambridge is ien fan de saneamde Tri-City-Stêden: Cambridge, Kitchener en Waterloo oan de Grand River.
Cambridge hie yn 2011 126.748 ynwenners en is krekt as de measte oare stêden yn Ontario Ingelsktalich. Dochs hat Cambridge ek meardere skoallen dêr't yn it Frânsk ûnderrjochte wurdt.
It Cambridge fan no is in gearfoeging fan de City of Galt, de towns Preston en Hespeler en de buorskip Blair.[1] Galt beslacht it grutste part fan Cambridge, it is de súdlike helte fan de stêd.
Nei it ûntstean fan Cambridge binne de iepenplakken tusken de oarspronlike gemeente starichoan opfold. Sa is der in tige modern fjirde hannelssintrum ûntstien. De Macdonald-Cartier Freeway, Highway 4, rint der dwers trochhinne.[2]
-
It âld postkantoar fan Galt
-
Gebou fan it Kanadeeske Reade Krús
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cambridge, Ontario fan Wikimedia Commons. |