Springe nei ynhâld

Slach by Noardhorn

Ut Wikipedy
Slach by Noardhorn
Part fan de Tachtichjierrige Kriich

Slach by Noardhorn
datum: 30 septimber 1581
plak: Noardhorn
útkomst: Spaanske oerwinning
konfliktpartijen
Steatske troepen Spanje
befelhawwers
John Norreys
Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg
Francisco Verdugo
ferliezen
1000 deaden 600 deaden

De Slach by Noardhorn wie in fjochterij tusken Steatske en Spaanskgesinde troepen op 30 septimber 1581.

De Steatske troepen wiene it foarôfgeande jier in swiere slach tabrocht, meidat George fan Lalaing, greve fan Rennenberg, fan Steatske kant nei de Spaanske kant oerrûn. Dat waard letter ek wol bekend ûnder de namme Ferried fan Rennenberg. Dêrtroch kamen ûnder mear de stêd Grins en de Ommelannen yn Spaanske hannen. Under lieding fan de Steatske oanfierder Diederik Sonoy waarden yn 1581 de Fryske stêden Sleat, De Lemmer en Dokkum werom ferovere troch de Steatske troepen. Yn de simmer fan 1581 ferstoar George fan Lalaing en waard de lieding fan de stêd Grins tydlik oerdroegen oan Johan Baptiste fan Taxis en dêrnei oan Francisco Verdugo. Verdugo wûn mei Maarten Schenck grutte stikken grûn en fêstige him yn Noardhorn.

Noardhorn wie in doarpke tusken it yn Steatske hannen wêzende Fryslân en it Spaansksinnige Grinslân. Under Fryske druk om de Spaanskgesinde troepen oan te fallen waard dêrom yn de hjerst fan 1581 in Steatsk leger nei Noardhorn stjoerd.

Op 30 septimber 1581 troffen beide legers elkoar in eintsje bewesten it plak Noardhorn. Ynearsten like de striid yn it foardiel fan de Steatsen te fallen, mar dêrnei sette Verdugo kanonnen yn. Beide kanten ferlearen in soad soldaten yn de fjochterijen, mar de Spaanskgesinden krigen de oerhân en sloegen de Steatske troepen werom. De Steatske oanfierders Sonoy en Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg moasten har fjochtsjendewei weromlûke. Fan Nassau-Dillenburg waard yn de slach meardere kearen rekke troch kûgels, mar dy ketsten op syn harnas ôf. De Spaanskgesinden wûnen de slach.

Verdugo luts him nei de slach werom nei Grypskerk, mar waard dêr ferdreaun meidat Steatskgesinde troepen in dyk trochstutsen.

It gebiet by Noardhorn dêr't de slach levere waard, wurdt noch altiten oantsjutten as Norritsfjld, ferneamd nei de Steatske oerste John Norreys.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: