Skouterjocht

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Skouterjocht is in Westerlauwersk wetboek, dat benammen de taak fan de skelta regelt. It is yn twa foarmen (Ald Skouterjocht en Nij Skouterjocht) oerlevere yn Druk, Jus Municipale Frisonum en Kodeks Unia. It Alde Skouterjocht boppedat yn Kodeks Roarda.

Fan it Alde Skouterjocht (Aldfrysk: Skeltanriucht) binne nei alle gedachten dielen yn de 11e iuw ûntstien, it jongere (Aldfrysk: Fan da ielden enis dadslachtis in titel dy't allinnich op it begjin slaat) foar it grutstepart yn de 12e iuw. Yn it Ald Skouterjocht skine twa oarspronklike aparte wetsboeken ta ien makke te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. e.o., Encyclopedie van Friesland, 1958. Schoutenrecht
  • W. Steller, Das altwestfr. Schulzenrecht (Breslau,1926)
  • B.W. v. KLaarbergen, Das altwestfr. jüngere Schulzenrecht (Drachten, 1947)