Skouterjocht
Appearance
(Trochferwiisd fan Skoutenrjocht)
It Skouterjocht is in Westerlauwersk wetboek, dat benammen de taak fan de skelta regelet. It is yn twa foarmen (Ald Skouterjocht en Nij Skouterjocht) oerlevere yn de Alde printinge, Jus Municipale Frisonum en Kodeks Unia. It Alde Skouterjocht boppedat yn Kodeks Roarda.
De datearring fan it Alde Skouterjocht (Aldfrysk: Skeltanriucht) is in striidkwestje, mar wurdt ornaris om 1200 hinne steld, fan it jongere (mei de iepeningssin: Fan da ielden enis dadslachtis) wurdt sein dat it út de 13e iuw datearret. Jurjen Schuur en Paul Noomen wolle ha dat beide ûntstien binne yn de 14e iuw, doe't it bestjoer fan de Hollânske greven op 'e nij organisearre waard.[1] Yn it Ald Skouterjocht skine twa oarspronklike aparte wetsboeken ta ien makke te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|