Skoft- en itenstiden
Skoft- en itenstiden wiene tiid om it wurk te ûnderbrekken. It swiere lânwurk en de lange wurkdagen easken eartiids foar minsk en bist mear rêstskoften en itenstiden as't men op oare plakken wend wie. Soks gou benammen foar de Bouhoeke.
Yn It Bilt en yn de Dongeradielen gie men om 1930 hinne om 6 oere, nei in moarnsbrogge fan brea mei spek, nei it lân ta. It waarmiten folge dan tusken 9-10 oere, dêrfoar stie in skofttiid. Fan 2-3 oere wie der brea-iten mei tee. Nei it 'tredde skoft', om 6 oere iten mei brij.
Yn de Greidhoeke begûn men tusken 4 oere en healwei fiven. Nei it melken om 7.30 hinne is der moarnsiten mei tee en bôle.
Yn de Súdeasthoeke wie dat om 1920 hinne noch faak bakte jirpels mei spek en brij. Hjir kaam dan it middeisiten om 12 oere. De ferskillen wienen dus grut: by it kloklieden wurdt rekken hâlden mei de pleatslike gewoanten. Utsein de moarnskofje dronk men yn de húshâldings ek om 5 oere kofje. Dit waard nei de Twadde Wrâldoarloch minder dien. Troch de tanimmende meganisaasje yn de bedriuwen binne dy gewoantes feroare. Doe't it wurk fierder fan hûs kaam, waard der mear en mear jûns waarm iten.
-
Moarnskofje yn 1942
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Breaks (time) fan Wikimedia Commons. |