Skip mei lading
Appearance
Skip mei lading | ||
keunstwurk | ||
Skip mei lading | ||
bysûnderheden | ||
jier | 2007 | |
keunstner | Ids Willemsma | |
materiaal | waarfêst stiel | |
plak | De Jouwer | |
lokaasje | Op de lûdswâl tusken de A7 en de Jouster ringwei de Sewei |
Skip mei lading is in keunstwurk fan Ids Willemsma op De Jouwer.
It keunstwurk waard makke as ôfsluting fan de oanlis fan in lûdswâl tusken de A7 en de wyk Suderfjild. Om swiere byld op dit plak del sette te kinnen waard in ekstra fundearring makke. 'Skip mei lading' toant in rudimintêr werjûn skip sjen mei in abstrakte lading. De titel is neffens Willemsma in metafoar foar it libben. It symbolisearret tagelyk de warberens en de dynamyk yn de gemeente Skarsterlân. Op de sydkant fan de lûdswâl stiet op in waarfêst stielplaat it gedicht Berneskip, boartersskip:
- libbensbeam yn skipshûd
- tekening as beammebast
- libbenslading
- yn in see fan tiid
- yn in see fan blommen
- út de streamen
- op de flaktes
- op de weagen
- op de wyn
- yn stoarmen
- yn wynstilten
- it tij kin keare
- oanspield yn it fruchtwetter
- de libbensstream
- fan tinken en út `e wei setten
- fan winst en ferlies
- skip mei lading oan seewei
- sykhelje útazemje
- op `e nij de takomst
- it ferline it ljocht
- it libben wy libje
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |