Springe nei ynhâld

Skiereilân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skiereilantsje)
In skiereilân yn Kroaasje.

In Skiereilân is in stik lân yn it wetter dat oan ien kant oan de fêste wâl of oan in grutter eilân fêst sit. In skiereilân moat ek by heechwetter oer lân te berikken wêze. Eilannen dy’t by heechwetter net oer it lân te berikken binne, mar by leechwetter wol, binne in ‘tij-eilân’.

It wurdt skiereilân betsjut einliks ‘hast (in) eilân’. Yn it Dútsk wurdt in skiereilân ek wol halbinsel neamd, wat ‘heal eilân’ betsjut.

  • In skiereilân is in stik lân dat sa grut wêze kin as in lân, mar kin ek sa lyts wêze as bygelyks in fuotbalfjild.
  • Oer it algemien wurdt oannomd dat in skiereilân yn de lingte langer is as yn de breedte. Sa wurdt fan bygelyks Wales net sein dat it in skiereilân is.
  • De ferbining fan it stik lân nei de fêste wâl ta moat in natuerlike oarsprong ha.
  • Ek eilannen sels kinne in skiereilân ha. Bygelyks it noardlike part fan Grut-Brittanje, Skotlân.
  • Ek in kontinint kin in skiereilân wêze. Sa wurdt wol sein dat Jeropa in skiereilân fan Aazje is.
It skiereilân Valdès yn Argentynje.

Inkelde skiereilannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]