Skalkedjip
Appearance
It Skalkedjip is in mar yn de gemeente Ljouwert west fan Warten. De mar is it eastlikste stik fan it Van Harinxmakanaal dat ferbining makket mei it Prinses Margrietkanaal besuden Suwâld.
De namme Skalkedjip jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Schalkediep.