Springe nei ynhâld

Skagerbrêge

Ut Wikipedy
Skagerbrêge
Grutte Sleat
Grutte Sleat
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
gemeente Skagen
Sifers
Ynwennertal 2.105 (1 jannewaris 2023)
Oar
Koördinaten 52° 48' N, 4° 45' E
Offisjele webside
Doarpsried Skagerbrêge
Kaart
Skagerbrêge (Noard-Hollân)
Skagerbrêge

Skagerbrêge (Nederlânsk: Schagerbrug; West-Frysk: Skagerbrég) is in doarp yn 'e gemeente Skagen yn 'e provinsje Noard-Hollân. Eartiids wie Skagerbrêge it haadplak fan 'e gemeente Zijpe. Op 12 jannewaris 2013 waard de gemeente Zijpe by de gemeente Skagen foege.

Skagerbrêge hat 2.105 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

It doarp ûnstie nei it drûchmeitsjen fan 'e Zijpe. De kearn ûnstie by it krúspunt fan 'e Grutte Sleat en de Skagerdyk. Yn 1708 stiene der 39 hûzen yn it doarp en it doarp wie doe al it haadplak fan 'e gemeente Zijpe.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Skagerdyk.

It doarp hat in protestantske wettersteatstsjerke út 1850, in ûntwerp fan Hermanus Dansdorp. Yn 'e polder stiet de 19e-iuwske mûne fan ôfdieling D fan 'e polder, dy't sûnt 1990 wer op frijwillige basis de polder bemeallet. Ek de 18e-iuwske mûne fan ôfdieling Easter-N stiet op it doarpsgebiet. Yn it doarpsgebiet binne noch in grut tal stolppleatsen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gemeente Skagen
Stêd:
Skagen
Doarpen:
BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldKrabbendamOudesluisPetten't RijpjeSkagerbrêgeSchoorldam (foar in part) • Sint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand
· · Berjocht bewurkje
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skagerbrêge fan Wikimedia Commons.