Sjoerd Huizinga

Ut Wikipedy

Sjoerd Huizinga (Bûtenpost, 12 febrewaris 1898 - Grins, 4 juny 1972) wie in Frysk ferver en keunstskilder.

Hy krige ûnderrjocht yn it skilderjen fan Herman Dijkstra, fan it keunstnerskollektyf De Ploeg, en Johannes Elsinga. Hy wurke yn Bûtenpost, Haren en Grins. Huizinga wie lid fan de Fryske ekspresjonistyske keunstnersgroep Yn'e Line. Huizinga wie de minst bekende en de meast eksperimintele fan dy groep. Syn wurk hat ferskaat oan stilen en kin net ta in beskate keunststreaming rekkene wurde.

Eksposysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 4 juny oant 25 oktober 2020 wie der in oersjochtentoanstelling fan Huizinga syn wurk yn Museum Drachten mei de titel Sjoerd Huizinga, de grote onbekende van Yn 'e line. By dy gelegenheid ferskynde ek syn biografy skreaun troch Dirk van Ginkel, Sjoerd Huizinga, de avonturier van Yn'e Line (Noordboek, 2020).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: