Sjirk Linses van der Burg

Ut Wikipedy
Sjirk van der Burg

Sjirk Linses van der Burg (De Pein[1], 6 maart 1863 - Ljouwert, 4 jannewaris 1932) wie in notaris yn Makkum, skriuwer en Frysk beweger.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjirk Linses van der Burg waard berne yn de De Pein as soan fan Linze Sjirks van der Burg en Baukje Jans de Boer[2] , mar is grutbrocht op wat no de Van der Burgpleats yn Jelsum is. De folksdichter Jan Linses van der Burg wie syn broer Hy hat goed 25 jier lid west fan Provinsjale Steaten, dêr't er fral dwaande wie mei wettersteatssaken en him ek ynsette foar it Frysk. Van der Burg wie bestjoerslid en foarsitter fan it Frysk Selskip en wie 1898 - 1899 redakteur fan de Friesche Volksalmanak.

Hoewol't Van der Burg proaza skreaun hat, dat ynearsten yn "Forjit my net" ferskynde, leit syn grutste ferstjnste foar it Frysk yn syn krewearjen as beweger.

Hy liet syn grutte bibleteek nei oan de Universiteit fan Amsterdam. Van der Burg en syn frou Teatske Baukes de Boer kamen te hôf yn Jelsum.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1887: Master Habbema. Klucht yn twa útkomsten (2e pr. 1895, 3e pr. 1928)
  • 1915: Twa Fryske sêgen op skrift brocht (2e pr. 1930)
  • 1917: Fen lang forlyn, kritejoune-foarlêzingen en bydragen
  • 1920: Feestrede, útspritsen to Ljouwert by it oantinken fen it 75-jierrich bistean fen it Selskip for Fryske tael en skriftenkennisse op de 27ste fen Rispmoanne 1919.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Encyclopedie van Friesland út 1958 jout ûnrjochtlik Jelsum as berteplak
  2. Sjirk van der Burg, Geni.com