Six Feet Under (band)

Ut Wikipedy
Six Feet Under
band
Six Feet Under yn 2015
Six Feet Under yn 2015
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1993 – No
label(s) Metal Blade
âld-leden Terry Butler bas (1993-2011)
Greg Gall drums (1993-2011)
Allen West gitaar (1993-1998)
Steve Swanson gitaar (1998-2016)
Matt DeVries bas (2011-2012)
Kevin Talley drums (2011-2013)
Rob Arnold gitaar & bas (2011-2012)
Ola Englund gitaar (2012-2013)
leden
Sang Chris Barnes
Gitaar Ray Suhy
Gitaar Jack Owen
Bas Jeff Hughell
Drums Marco Pitruzzella

Six Feet Under is in Amerikaanske metalband oprjochte yn 1993 yn Tampa. De band brocht yn 1995 syn debútalbum Haunted út. De teksten fan de band gean benammen oer de dea, ferwûnings, moard, polityk en cannabis. Six Feet Under hat trettjin studio-albums ien live-album útbrocht

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Six Feet Under is yn 1993 troch sjonger Chris Barnes fan Cannibal Corpse en gitarist Allen West fan Obituary oprjochte as njonkenprojekt mar nei't Barnes yn 1995 dien krige by Cannibal Corpse waard Six Feet Under in echte band. Yn 1998 ferliet Allen West Six Feet Under om wer by Obituary te gean spiljen, hy waard ferfongen troch Steve Swanson earder fan Massacre. Oant 2011 wie dit de iennichste feroaring yn de besetting fan Six Feet Under. Yn 2011 ferlitte bassist Terry Butler en drummer Greg Gall de band en oant 2013 binne der meardere wikselingen yn e besetting. Yn 2016 ferlit gitarist Steve Swanson de band hy waard opfolge troch Ray Suhy fan Cannabis Corpse. Yn 2017 komt gitarist Jack Owen de band fersterkjen.

Graveyard Classics[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken studio-albums had Six Feet under ek fjouwer albums mei covers de Graveyard Classics útbrocht. Op de it earste album út 2000 steane covers van bands as Venom, Deep Purple en Black Sabbath. It twadde album dat útkaam yn 2004 is alhiel wijd oan it yn 1980 útbrochte album Back in Black fan AC/DC. It tredde album (2010) steane wer in ferskaat oan covers fan bands as Metallica, Mercyful Fate, Van Halen en Slayer, Op it fjirde album útbrocht yn 2016 wurde twa bands eare Judas Priest en Iron Maiden.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
Haunted 26 septimber 1995 Metal blade
Warpath 9 septimber 1997
Maximum Violence 13 july 1999
True Carnage 6 augustus 2001
Bringer of Blood 22 septimber 2003 Bringer of Blood
13 1 maart 2005
Commandment 16 april 2007
Death Rituals 10 novimber 2008
Undead 21 maaie 2012
Unborn 18 maart 2013
Crypt of the Devil 4 maaie 2015
Torment 24 febrewaris 2017
Nightmares of the Decomposed 2 oktober 2020

Graveyard Classics[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Graveyard Classics 23 oktober 2000 Metal Blade
Graveyard Classics 2 15 oktober 2004
Graveyard Classics III 18 jannewaris 2010
Graveyard Classics IV: 666 -
The Number of the Priest
27 maaie 2016

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Double Dead Redux 28 jannewaris 2003 Metal Blade

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
A Decade in the Grave 18 oktober 2005
The Best of Six Feet Under 2016

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: