Sipke de Schiffart
Appearance
Sipke de Schiffart | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 7 oktober 1959 | |
berteplak | Longerhou | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
útjouwer | Utjouwerij Hispel | |
prizen | Rely Jorritsmapriis 2006 | |
jierren aktyf | 2005-no |
Sipke de Schiffart (Longerhou, 7 oktober 1959) is in Frysk dichter, skriuwer en skilder. Hy is teffens skaker en wennet yn Ljouwert.
Boeresoan De Schiffart is hikke en tein yn Longerhou en hat dêr ek sa'n 10 jier buorke op de pleats fan syn heit. It boerelibben befoel lykwols net, hy ferkocht de pleats en lei him ta op it skriuwen en dichtsjen.
Yn 2005 folge er in skriuwkursus fan Tresoar, by Akky van der Veer en Hylke Tromp. Dêrnei publisearre er koarte ferhalen yn Hjir en Ensafh.
Yn 2006 krige De Schaffart de Rely Jorritsmapriis foar it koart ferhaal In bysûndere moeting.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wat it is om bang te wêzen, ferhalebondel (2012)
- Oan dy tinke, dichtbondel (2017)
- Sjappy, roman (2020)
- In running gag om te gûlen, dichtbondel (2022)
- Salang as it libben duorret, ferhalebondel (2023)
- Oan wjerskanten fan de Styx, dichtbondel Hispel, Loenen aan de Vecht (2024).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|