Springe nei ynhâld

Sint-Stefanuskleaster

Ut Wikipedy
Sint-Stefanuskleaster
Սուրբ Ստեփանոս վանք
Lokaasje
lân Iran
provinsje East-Azerbeidzjan
plak 15 km noard fan 'e stêd Jolfa
koördinaten 38°58' N 45°28' E
Kaart
Sint-Stefanuskleaster (Iran)
Sint-Stefanuskleaster
Armeenske kleasterensembles yn Iran
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 1262
kritearia (ii) (iii) (vi)
ynskriuwing 2008 (32e sessy)
UNESCO-wrâlderfgoedlist

It Sint-Stefanuskleaster (Armeensk: Սուրբ Ստեփանոս վանք; Maghardavank Մաղարդավանք; Perzysk: کلیسای استفانوس مقدس, Azerbeidzjaansk: مؤقدس ایستیپانوس کیلیساسی, ) is in Armeensk-apostoalysk kleaster op likernôch 15 kilometer noard fan 'e stêd Jolfa yn 'e noardwestlike Iraanske provinsje East-Azerbeidzjan.

It kleasterkompleks leit yn in djippe kleau oan 'e Aras-rivier op 'e Iraanske kant fan 'e grins tusken de autonome republyk Nachitsjevan (Azerbeidzjan) en Iran. It waard yn 'e 9e iuw boud en yn it tiidrek fan 'e dynasty fan 'e Safaviden nei ferskate ierdskoddings op 'e nij boud.

Koepel.

It earste kleaster op it plak waard yn 'e 7e iuw boud en foltôge yn 'e 10e iuw. Mar de apostel Bartoloméus stifte hjir al yn it jier 62 nei Kristus in tsjerke. Dy tsjerke waard yn 'e 11e en 12e iuw troch optsjende Seltsjoeken fernield. Mei't de Mongoalen it gebiet yn teagen kearden de kânsen foar de kristenen en de Armeenske Tsjerke tekene in fredesferdrach mei de Mongoalen. It kleaster waard yn 'e twadde helte fan 'e 13e iuw renovearre. Yn 1330 folge in folsleine nijbou fan it kleaster. Kultureel en yntellektueel foarmen de 14e iuw en de 15e iuw it hichtepunt fan it kleaster. Der waarden doe tal fan skilderijen en illustraasjes op it mêd fan religy, skiednis en filosofy produsearre.

Ek yn 'e iere 15e iuw bleaunen de Armenen beskerming hâlden fan 'e Safaviden. Mar it gebiet waard in sintrum fan ûnrêst tusken de Safaviden en de Ottomanen, dy't West-Armeenje yn 1513 oanfoelen. Stadichoan rekke it kleaster yn ferfal oant sjah Abbas I yn 1604 it beslút naam om de bewenners fan it gebiet te evakuearjen. It kleaster bleau leech eefter, mar sûnt 1650 waard it gebiet wer befolke en it ferlitten en skeinde kleaster koe op 'e nij renovearre wurde.

Oan it begjin fan 'e 18e iuw kaam it gebiet bleat te stean oan 'e ekpânsjedrift fan it Russyske Keizerryk. Jerevan wie yn 1827 troch Russyske troepen ferovere en dêrnei waard de grins tusken Ruslân en Perzje neffens it Ferdrach fan Turkmantsjai fêstlein lâns de Aras. It gefolch wie dat in part fan 'e befolking twongen waard te ferhûzjen nei Russysk Armeenje. Nettsjinsteande dat bleane de Qajar-hearskers de Armenen beskermjen en hja moedigen de Armenen sels oan om it kleasterkompleks tusken 1819 en 1825 wer op te bouwen.

Sûnt hawwe der meardere restauraasjes oan it kompleks plak fûn.

Yn july 2008 waard it kleaster tegearre mei de Armeenske monuminten it Sint-Taddéuskleaster en de kapel fan Dzordzor op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed ûnder Armeenske kleasterensembles yn Iran ynskreaun.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis op dizze side.