Springe nei ynhâld

Kapel fan Dzordzor

Ut Wikipedy
Kapel fan Dzordzor
Lokaasje
lân Iran
provinsjeWest-Azerbeidzjan
plakby Barun (distrikt Maku)
koördinaten39°11' N 44°28' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipArmeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
boujier10e iuw
1342 (renovaasje)
Kaart
Kapel fan Dzordzor (Iran)
Kapel fan Dzordzor
Armeenske kleasterensembles yn Iran
UNESCO-wrâlderfgoed
Algemiene ynformaasje
UNESCO-regioWest-Aazje
kritearia(ii) (iii) (vi)
ynskriuwing2008 (32e sessy)
Lokaasje en omfang
gebiet5,03 ha
buffersône54,46 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Kapel fan Dzordzor (Armeensk: Ծոր Ծորի Սուրբ Աստվածածնի մատուռ, Perzysk: کلیسای زور زور) is in Armeenske kleasterkapel yn 'e Iraanske provinsje West-Azerbeidzjan. De kapel leit op in hichte oan 'e rivier de Zangmar.

Dekoraasje portaal

It kleaster makke yn 'e fjirtjinde iuw in bloedperioade mei en waard ferlitten doe't sjah Abbas I besleat om de Armeenske befolking te evakuëarjen.

De kapel mei in grûnfoarm fan in krús datearret út de 9e oant de 10e iuw. De oan 'e Hillige Mem fan God wijde kapel is it iennichste diel dat fan it ea grutte kleasterkomplex bewarre bleaun is.

Mei tastimming fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke waard de kapel troch de Iraanske autoriteiten yn 1987-1988 600 meter ferset fanwegen de bou fan in daam yn 'e Zangmar-rivier.

Op 6 july 2008 waard de kapel mei it Sint-Taddéuskleaster en it Sint-Stefanuskleaster yn 'e list fan it UNESCO-wrâlderfskip ûnder de namme Armeenske kleasterensembles yn Iran ynskreaun.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kapel fan Dzordzor fan Wikimedia Commons.