Sint-Sofiakatedraal (Kiëv)

Ut Wikipedy
Sint-Sofiakatedraal

Софійський собор

bouwurk
lokaasje
lân Oekraïne
lânsdiel Kiëv oblast
plak Kiëv
adres Sofiaplein
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 11e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer en oekraynske barok
offisjele webside
Side fan de katedraal

De Sint-Sofiakatedraal oan it plein mei deselde namme yn de Oekraynske haadstêd Kiëv waard fanôf 1037 boud yn opdracht fan prins Jaroslav fan Kiëv. De tsjerke wie oant de 13e iuw de wichtichste tsjerke fan Ruslân en in soad foarsten waarden yn de tsjerke begroeven. It bouwurk kombinearret byzantynske boufoarmen mei barokke en is sûnt 1990 ynskreaun yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal krige de namme fan de 6e iuwske Hagia Sofia yn Konstantinopel en ferwiisd net nei in spesifike hillige, mar nei de Hillige Wiisheid fan God. Neffens kroniken fûn de stifting fan de katedraal plak tusken 1017 en 1037 nei't Russyske troepen in jier earder de Turkske Petsjenegen fersloegen. Alhoewol't de kroniken fan de katedraal de stifting fan de katedraal tawize oan prins Jaroslav, binne der ek boarnen dy't de stifting taskriuwe oan Vladimir de Grutte. It is in bouwurk mei fiif skippen, fiif apsissen en trettjin koepels. Fan trije kanten wurdt de katedraal omklamme fan galerijen mei twa ferdjippings. De katedraal wie it sintrum fan it kulturele en politike libben fan it âldrussyske folk dêr't de foarsten fan Kiëv kroand waarden, dêr't de ôffurdigen fan it folk ("Vetsje") by inoar kamen en wichtige steatssaken plakfûnen en foarsten begroeven waarden.

Model fan de 11e iuwske katedraal
Grûnplan fan de katedraal

De katedraal rekke krekt lykas de stêd yn 1169 nei it plonderjen troch de troepen fan Andreji Bogoljûbski fan it foarstendom Vladimir-Sûzdal en letter yn 1240 troch de Tataarske ynfallen slim yn it neigean. Nei reparaasjes fan de katedraal ûnder metropolyt Syprianus (1330-1406) stieken de Krimtataren yn 1416 en 1482 de stêd yn 'e brân en bleau de Sofiakatedraal fan 1497 oant 1577 leech stean. Ek hie de katedraal bot te lijen yn de 16e iuw, doe't Poalen en Oekraïne de katolike en otterdokske tsjerken besochten te ferienigjen. Fan it bouwurk bleau lang om let net in soad mear oer as in ruïne; it wiisde mâl mei it dak en in soad muorrefresko's wiene al ferdwûn.

Weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan de Uny fan Brest waard de katedraal yn 1596 tawiisd oan de Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke, oant it gebou yn 1633 troch de Moldavyske otterdokske metropolyt Petro Mohyla opeaske waard. Mohyla joech opdracht om reparaasjes út te fieren en it boppediel fan it gebou waard neffens barokke plannen fan de Italjaanske arsjitekt Octaviano Mancini op 'e nij boud. It wurk gyng troch ûnder hetman Ivan Mazepa oant 1767. De houten gebouwen fan it kleaster gyngen by in brân yn 1697 ferlern. Fanôf 1699 waard it hiele kompleks omfieme mei in hege houten wâl en tagelyk waarden in klokketoer, in herberch, poarten en ferskate kleastergebouwen tafoege, allegear yn de karakteristike styl fan de Oekraynske barok.

Sovjet tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Absismozaïek Mem Gods

Nei de Russyske Revolúsje fan 1917 en yn de anti-kristlike kampanje dy't yn de jierren 1920 dêr op folge wie de bolsjewistyske oerheid fan doel om de katedraal te ferneatigjen. Op it terrein fan de katedraal moast in park komme, dat ferneamd wurde soe nei de helden fan Perekop, dêr't de bolsjewiken it Wite Leger fan de Krim ferdreaune. Ynspannings fan skiedkundigen en wittenskippers wisten de ôfbraak fan de katedraal lykwols tefoarren te kommen, mar it foar de katedraal oerlizzende Michaelkleaster waard yn 1935 wol ferneatige. De Sofiakatedraal waard sletten foar de earetsjinst en it hiele 17e en 18e iuwske kompleks om de katedraal hinne krige tenei de funksje fan museum.

De weardefolle materjalen lykas it goud en sulver fan saken lykas de keninklike doarren fan de ikonostaze, sulveren ikoanen en kandlers waarden stript en wat der fan oerbleau ferbaarnd. Neffens de behearder fan it museum, Aleksej Povstenko, besochten de kommunisten yn septimber 1941 dochs noch in begjin te meitsjen oan it slopen fan de katedraal, mar troch de ynfal fan de Nazy's koene de plannen net útfierd wurde.

Tombe Jaroslavl de Wize

Yn de jierren 1950 krige de oerheid mear each foar it kultuer-histoaryske belang fan de katedraal en fûn der in renovaasje plak. By de renovaasjes waarden fragminten fan 11e-iuwske fresko's ûntdutsen; de 18e-iuwske fresko's waarden restaurearre.

Yn it lêst fan de Sovjet-Uny klonken der foar it earst wer lûden om it gebou oan de Otterdokske Tsjerke werom te jaan. De weromjefte waard lykwols dreech makke troch de ferskate skuorrings yn de otterdoksy. Om't alle otterdokske rjochtings en de Gryksk-Katolike Tsjerke de katedraal opeasken kaam der fan weromjefte neat telâne. Alhoewol't alle otterdokske rjochtings de katedraal op ferskate tiden brûke meie, bliuwt it gebou dêrom bûten dy tiden om sletten foar religieuze fierings.

Yn 2006 liezen fertsjintwurdigers fan fiif otterdokske tsjerken foar it earst in mienskiplik gebed foar yn de Sofiakatedraal. It ynternet-publyk keas op 21 augustus 2007 de katedraal út as ien fan de sân wûnders fan Oekraïne. It kompleks bliuwt in sekulier museum fan it kristendom yn Oekraïne en lûkt fan alle musea yn it lân de measte toeristen.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal besit sa'n 3000 m² oan fresko's en dêrnjonken nochris 260 m² oan mozaïeken. It neamen wurdich is benammen it grutte mozaïek yn de apsis fan de biddende Mem Gods en Kristus Pantokrator yn de sintrale koepel. Op de twadde ferdjipping is in útstalling fan 12e iuwske mozaïeken en fresko's te sjen fan de yn de jierren 1930 ôfbrutsen Michaelkatedraal.

Fan de ikoanen binne noch mar in pear orizjineel; de measte ikoanen binne yn de jierren 1930 ferneatige.

Yn ien fan de romten njonken de katedraal stiet de 8e iuwske sarkofaach fan Jaroslavl de Wize en syn frou Irina.

Eartiids wie de flier fan de katedraal yn bûnte kleuren fersierd, dêr't in pear fragminten fan bleatlein binne. In Russyske ûndernimmer liet de flier yn de 19e iuw mei smei-izeren tegels mei byzantynske motiven belizze.

Under de katedraal soene grotten wêze mei mooglik de noch net wer ûntdutsen bibleteek fan Jaroslavl de Wize. Yn 1916 waarden opgravings útfierd, mar troch de politike ûntwikkelings doe waard dat ûndersyk nea ôfmakke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Sophia's Cathedral, Kiev