Sint-Martinusmûne (Didam)

Ut Wikipedy
Sint-Martinusmûne (Didam)
mûne / mole
lokaasje
provinsje Gelderlân
gemeente Montferlân
plak Didam
koördinaten 51° 56' N 6° 8' E
bysûnderheden
type mûne Bultmûne
funksje Nôtmûne
flecht 23,70 meter
boujier 1854-1855
oare ynformaasje
eigner Plavei Wenningboukoöp.
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 12869
Webside
www.martinusmolen.nl
Kaart
Sint-Martinusmûne (Gelderlân)
Sint-Martinusmûne

De Sint-Martinusmûne oan de Molenhoek is in rûne stiennen bultmûne yn it Gelderske plak Didam.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mûne waard boud yn de jierren 1854-1855 en hie gjin foargonger. De Martinusmûne hat dêrnei ferskillende eigners hân.

Yn 'e jierren 1950 waard der in oaljehannel yn ûnderbrocht en alhoewol't ek de hannel yn moal útwreide waard, wie dat foar in part elektrysk.

Der ûntstie yn 'e nacht fan 11 nei 12 novimber 1964 brân yn 'e mûne, mar om't de eigner en brânwar der op 'e tiid by wiene, koe de skea beheind bliuwe. De mûne bleau oant 1973 yn bedriuw. Yn dat jier waard de mûne stilset fanwegen in losse roede.

In wenningboukoöperaasje kocht yn 2004 de mûne oer en liet de mûne yn 2007 mealree restaurearje.

Hjoed-de-dei hat de stifing Sint-Martinusmûne it behear oer de mûne.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sint-Martinusmûne is in rûne stiennen bultmûne. De wjukken hawwe in flecht fan 23,70 meter en binne útrist mei it systeem fan Bussel (binnenroede) mei Ten-Have-kleppen en it systeem Fauel (bûtenroede).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint Martinus (molen)