Springe nei ynhâld

Sint-Joariskatedraal (Istanbûl)

Ut Wikipedy
Sint-Joariskatedraal
Καθεδρικός ναός του Αγίου Γεωργίου
Lokaasje
lân Turkije
plak Istanbûl-Fener
adres Fener Rum Patrikhanesi, Sadrazam Ali Pasa Cadesi
koördinaten 41°1'N 28°57'E
Tsjerklike gegevens
wijd oan Sint-Joaris
Arsjitektuer
boustyl neoklassisisme
Webside
Side Oekumenysk Patriarchaat
Kaart
Sint-Joariskatedraal (Istanbûl-Sintrum)
Sint-Joariskatedraal

De Sint-Joariskatedraal (Gryksk: Καθεδρικός ναός του Αγίου Γεωργίου; Turksk: Aya Yorgi Kilisesi) is de wichtichste eastersk-otterdokse katedraal yn Istanbûl dy't noch altiten yn gebrûk is. Sûnt likernôch 1600 is it de sit fan it troch de primus inter pares bestjoerde Oekumenysk Patriarchaat fan Konstantinopel. De patriarch is de spirituele lieder fan 'e yn 'e wrâld likernôch 300 miljoen leden tellende otterdokse mienskip.

De oan Sint-Joaris wijde katedraal stiet yn it distrikt Fener, noardwest fan it histoaryske sintrum fan Konstantinopel. De ûnopfallende katedraal is wat de status fan it gebou en it belang foar de otterdokse mienskip oanbelanget relatyf lyts. Dat hat te meitsjen mei de islamityske wetten fan it Ottomaanske Ryk, dy't ek oer de rjochten fan 'e kristenen gyng en oplei dat alle net-islamityske gebouwen lytser wêze moastsen dan moskeeën. Foar de Turkske oermastering fan Konstantinopel yn 1453 wie de Hagia Sofia (ek bekend ûnder de namme Katedraal fan de Hillige Wiisheid) de tsjerke fan it patriarchaat.

De tsjerke is oerdeis iepen foar publyk, mar fanwegen de oanhâldende driging fan ekstremistyske oanslaggen binne der strange maatregels foar de feiligens. Benammen pylgers út Grikenlân en oare otterdokse lannen bringe in besite oan de katedraal. Efter de katedraal binne kantoaren fan it patriarchaat en in bibleteek. De tsjerke wie foar de tiid dat it de katedraal fan it patriarchaat wie in kleastertsjerke.

Fiering yn 'e katedraal yn it ramt fan in besite fan 'e Oekraynske presidint.

Patrarich Mattéus II (1596–1603) ferhûze yn 1597 it patriarchaat nei it Sint-Joariskleaster yn in stedsdiel, dêr't nei de oermastering fan 'e stêd troch de Turken restearjende Gryksk-otterdokse mienskip harren nei wenjen sette. Troch ferbouwings en meardere brannen is der net in soad oerbleaun fan it oarspronklike gebou. Yn 1941 waard de tsjerke foar it lêst troch in brân skeind en fanwegen politike redenen duorre it oant 1991 ear't in restauraasje foltôge wie.

Under de meast weardefolle objekten is de partriarchale troan, dy't nei alle gedachten út de fyfte iuw stamt en alle brannen oerlibbe. Ek wurde der in tal seldsume ikoanen en reliken fan Sint-Gregoarius en Jehannes Krysostomos bewarre. Guon fan dy reliken wiene by de Fjirde Krústocht yn 1204 stellen en meinommen nei Rome, maar waarden yn 2004 troch paus Jehannes Paulus II werom jûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St. George's Cathedral, Istanbul