Sint-Jakobuskatedraal (Görlitz)
Sint-Jakobuskatedraal | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Saksen | |
koördinaten | 51°8' N 14°58' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Görlitz | |
patroanhillige | Sint-Jakobus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1898-1900 | |
boustyl | neogotyk | |
Kaart | ||
De Sint-Jakobuskatedraal is de katedraal yn 'e Dútske stêd Görlitz yn 'e dielsteat Saksen fan it bisdom Görlitz. De katedraal is wijd oan 'e apostel Jakobus en waard yn neogoatyske styl boud. Yn it ramt fan in reorganisaasje fan 'e East-Dútske bisdommen waard de tsjerke yn 1994 in katedraal.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 'e jierren 1898-1900 boud en op 6 oktober 1900 wijd. Doe wie Görlitz noch ûnderdiel fan it roomske aartsbisdom Breslau. Oarspronklik wie de tsjerke in filiaaltsjerke fan 'e Hillich-Krúsparochy, sûnt 1918 foarme de tsjerke in selsstannige parochy.
Yn it lêst fan 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke besketten troch artilleryfjoer. Nei de kriich waarden Neder-Sileezje mei Breslau Poalsk. De stêd Görlitz kaam oan 'e nije Poalske grins te lizzen en waard de sit fan it ferballe Breslauer domkapittel en fikariaat. Mei de stifting fan it bisdom Görlitz yn 1994 waard de tsjerke de katedraal dêrfan.
De katedraal waard yn febrewaris 2020 sletten om it ynterieur de renovearjen en de skea fan 'e oarloch te ferhelpen. De iepening fan 'e restaurearre katedraal wie op 28 novimber 2021.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De op in heech terrein steande trijeskippige halletsjerke hat in toer fan 68 m. Nei de skansearrings yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de spits fan 'e toer yn in ienfâldiger foarm werboud sûnder hoektuorkes. It ynterieur hat noch fragminten fan 'e oarspronklike beskildering en dekoraasjes fan glazuere tegels.
Sûnt 2013 rûn in restauraasjeprojekt dat 4,5 miljoen euro koste. De klokkestoel waard fernijd en der waarden twa klokken oan 'e besteande fjouwer klokken út 1900 en 1963 tafoege. Yn 2014 waarden mei de restauraasje fan 'e gevel ek de fjouwer hoektuorkes op 'e klokketoer werboud. Ek binne de dakken en it fries fan giele en reade daktegels rekonstruearre neffens de foaroarlochske sitewaasje.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De firma Hermann Eule Orgelbau boude tusken 1988 oant 1989 it trijemanualige oargel mei 47 registers. De spyltraktuer is mechanysk en de registertraktuer elektrysk. Yn 2008 is it oargel troch deselde firma neisjoen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar referinsjes sjoch de:Kathedrale St. Jakobus (Görlitz)
|