Springe nei ynhâld

Singelbrêge (Harns)

Ut Wikipedy
Singelbrêge
Singelbrug
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Harns (gemeente)
plak Harns (stêd)
koördinaten 53°10′28″ N 5°25′28″ E
bysûnderheden
type bouwurk brêge
subtype ophelbrêge
boujier 1908
oerbrêget Noardeastersingel
wei of spoar Frjentsjerterein-
   Noarderkade
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 385268
kaart
Singelbrêge (Harns)
Singelbrêge

De Singelbrêge (Nederlânsk en offisjeel: Singelbrug) is in brêge yn 'e Fryske stêd Harns.[1][2][3] It is in mei bomen ôfslútbere ophelbrêge[3] oer de Noardeastersingel,[2] dy't de strjitten Frjentsjerterein en Noarderkade mei-inoar ferbynt.[2] De brêge waard yn 1908[1][2][3] oanlein troch de firma W.F. Penning út Kampen,[2][3] en hat de status fan ryksmonumint.[2][3] Bûten Harns is de Singelbrêge benammen bekend om't er oan 'e Alvestêderûte leit.[1][2]

De Singelbrêge is in ophelbrêge dy't mei bomen ôfslútber is.[3] De fal, it middelste part fan 'e brêge dat iepen kin, bestiet út lizzers fan walst balkstiel, belein mei in houten dek.[3] De boppebou bestiet út oaninoar klonken gearstalde lizzers.[3] De oanbrêgen (de dielen oan wjerskanten fan 'e fal dy't net iepen kinne) hawwe mitsele, mei betonspeesje oansmarde, ienfâldich profilearre bôgen dy't oergeane yn in houten beskoeiïng.[3] Yn 'e izerne balustrade, dy't in strak Jugendstil-motyf hat, binne oan eltse sydkant fan 'e brêge twa getten izerne lantearnepeallen mei blommemotiven opnommen.[3]

De Singelbrêge waard op 9 oktober 2017 fan 't plak helle foar in yngeande restauraasje.[2] Dat waard dien yn opdracht fan 'e Harnzer Monumintestifting.[2] De grutte dielen, lykas de balâns, it brêgedek en de hamei, koene nei it fuortheljen fan roast werompleatst wurde. In protte klinkneils moasten ferfongen wurde.[1] Ynstek fan it projekt wie om 'e brêge safolle mooglik yn âlde steat te behâlden.[2]

Mei subsydzje fan 'e Gemeente Harns en de Provinsje Fryslân en troch finansjele stipe fan in grut tal partikuliere stiftings wie it mooglik om 'e restauraasje te bekostjen,[2] net inkeld dy fan 'e Singelbrêge, mar ek dy fan 'e deunby sitewearre Frjentsjertereinsbrêge (yn 2016) en Easterbrêge (yn 2017).[2] De Singelbrêge waard ein maaie 2018 wer op syn plak set, wêrnei't noch in pear wiken fan ôfstellen en testen folgen. Op 18 juny waard er wer iepene foar ferkear.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Harlingers kunnen bijna weer over Singelbrug, yn: de Ljouwerter Krante, 30 maaie 2018, s. 25.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 Singelbrug terug op plek, yn: de Frjentsjerter Krante, 30 maaie 2018, s. 11.
  3. 3,00 3,01 3,02 3,03 3,04 3,05 3,06 3,07 3,08 3,09 Ynformaasje oer de Singelbrêge op Rijksmonumenten.nl.