Springe nei ynhâld

Simmern (Hunsrück)

Ut Wikipedy
Simmern
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
ferbânsgemeente Simmern-Rheinböllen
Sifers
Ynwennertal 8.155 (31.12.2023)
Oerflak 11,96 km²
Befolkingsticht. 682 ynw./km²
Hichte 400 m
Oar
Postkoade 55469
Koördinaten 49° 59' N 7° 31' E
Offisjele webside
www.simmern.de
Kaart
Simmern (Rynlân-Palts)
Simmern

De stêd Simmern op 'e Hunsrück yn Dútslân is de Kreisstadt fan 'e Rhein-Hunsrück-Kreis en ien fan 'e twa bestjoerssintra fan de ferbânsgemeente Simmern-Rheinböllen.

Mooglik hat Simmern in keltyske oarsprong. Wis is dat de lokaasje al yn 'e Romeinske tiid bewenne wie. Simmern krige yn 1330 stedsrjochten. Yn 1410 keas it Hûs Pfalz-Simmern de stêd as residinsje.

It kastiel fan Simmer foar de ferneatiging (Merian Simmern).

Nei de reformaasje waard de stêd kalvinistysk. De yn Simmern berne Freark III fierde as karfoarst fan 'e Palts de Heidelberchske Kategismus yn. Yn 1685 foel it hartochdom Simmern ta oan it Hûs Pfalz-Neuburg, dy't de katolike lear wer ynfierde.

Yn 1688 briek de Paltske Súksesjekriich út, wernei't grutte dielen fan 'e Palts troch Frânske troepen yn 'e jiske lein waard. De Frânsen besetten yn dat jier Simmern en setten yn 1689 útein mei de ôfbraak fan 'e ferdigeningswurken. Op 17 septimber 1689 stieken de Frânske troepen de stêd en it kastiel yn 'e brân. Allinne de Stefanustsjerke, de krûdtoer (letter de Schinderhannesturm), dielen fan 'e stedsmuorre, in hoektoer en in pear hûzen binne bewarre bleaun. In gravuere fan Mathias Merian út 1645 jout in yndruk hoe't de stêd der foar de ferneatging útsjoen hat.

Yn 1799 hat fan febrewaris 1799 oant yn augustus fan dat jier de ferneamde bandyt Johannes Bückler yn 'e krûdtoer fan Simmern finzen sitten. De rôver dy't de bynamme Schinderhannes krige wist lykwols út te piken, mar waard lang om let nei noch in hiele rige misdieden op 31 maaie 1802 arrestearre en yn novimber 1803 yn Mainz eksekútearre.

Yn 1845 hiene de omkriten fan 'e stêd slim te lijen fan mislearre rispings en wiene in soad ynwenners fan 'e stêd twongen om nei de Feriene Steaten te ferhûzjen.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1815 1835 1871 1905 1939 1950 1961 1970 1987 1997 2005 2011 2019
Ynwenners 1.907 2.697 2.351 2.414 3.712 4.322 5.248 5.507 6.145 7.690 7.846 7.613 7.899

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Schinderhannestoer.
  • De Stephanskirche út 1486 oant 1510 is in letgoatyske protestantske tsjerke.
  • De katolike Pfarrkirche St. Josef is in barokke tsjerke út de jierren 1749–1752.
  • It Nije Slot (Neue Schloss) waard fan 1708 oant 1713 op it plak fan it troch de Frânsen ferneatige kastiel boud.
  • It Hunsrück-Museum Simmern is ûnderbrocht yn it Nije Slot en hat in grutte kolleksje wurken fan 'e skilder Friedrich Karl Ströher.[1]
  • De Schinderhannestoer oan 'e Turmgasse 8 is de eardere krûdtoer dêr't Johannes Bückler finzen siet. De toer tsjinnet tsjintwurdich as útstallingsromte fan saken oer en fan 'e rôver.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: