Silaardermar
Silaardermar | ||
bysûnderheden | ||
oerflak | 80 | |
drûchlein | 1780 |
De Silaardermar is in eardere mar tusken Koarnwert en Wûns yn de hjoeddeiske gemeente Súdwest-Fryslân. De mar waard yn 1780 drûchlein troch in mûne. De mar hie in grutte fan likernôch tachtich pûnsmiet en lei benoarden it eardere doarp Ingwier. De Koarnwerter Feart, dy't de ferbining fan it buorskip Sotterum ûnder Koarnwert nei de Molkfeart by Wûns is, rûn troch de mar hinne.
De kosten fan it drûchlizzen wiene doetiids 1200 gûne. De mûne, dy't de mar drûchmealde en letter foar it ôffieren fan it oerstallige wetter soarge, hearde ta de earmen fan Boalsert.[1] De drûchmakke Silaardermar waard de Ingwierderpolder. Yn en om de polder steane de pleatsen De Eenhoorn en Boeyenkamp.[2]
De namme fan de Silaardermar is nei alle gedachten ôflaat fan Silaard, dat eartiids in selsstannich terpdoarp wie, dêr't de bewenners fan de fiskerij libben.[3]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |