Molkfeart
Appearance
De Molkfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint tusken Makkum en Wûns yn polder De Weeren. Oan de noardkant fan Makkum rint de Alde Molkfeart dy't yn de Molkfeart útrint en oan de súdkant fan Makkum komt de Nauwe Feart út op de Molkfeart.
De namme Molkfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Melkvaart.