Siercksmahûs
Sierckmahûs, Siercksmahûs, of Sierckmastins (ek: Syerxmastins, It Stedhûs fan Amsterdam, Repelsteeltje ) wie in stins yn Ljouwert op de hoeke fan de grutte Heechstrjitte en de Iewâl (no Grutte Heechstrjitte 44). Yn it pân sit yn 2011 in coffeeshop, Repelsteeltje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stedsstins soe boud wêze yn of omtrint 1450. De Siercksma’s wiene net de earste de bêsten. Se hearden by it stedspatrisiaat, stienen yn heech oansjen en hienen yn de 15e en 16e iuw hege posysjes yn it stêdlik regear en it Hof fan Fryslân. De Siercksma’s hienen, neist de state yn Deinum, ek in state krekt bewesten Ljouwert op it Nijlân oan de Hegedyk en noch in hûs yn de Beginestrjitte.
Yn de roerige 14e iuw en 15e iuw, mei de almar oplôgjende striid tusken de Skieringers en Fetkeapers, fûnen in soad eallju it wiis om yn de stêd in fersterke hûs te hawwen. Dat wie net allinnich gaadlik yn tiden fan need, mar ek yn ferbân mei it bestjoerlike wurk yn de stêd. Neffens histoarikus Wopke Eekhoff stie it destiidske riedhûs fan de stêd oant 1594 njonken de Siercksmastins. Dat moat dan oan de oare side fan de Sierksmasteech (1599, Syercxmasteeg) stien hawwe, want de Siercksmastins stie hielendal frij fan de oare bebouwing. It komt yn âlde stikken faak as in oansjenlik hûs foar.
Begjin santjinde iuw soe it stedsbestjoer har mei it oansjen fan de Iewâl bemuoie. Kenlik wie it yn besit komd fan it Siercksmahûs, want it hoekepersiel waard yn 1619 ferkocht oan de lettere boargemaster Joaris Gjerrits Camp ûnder de betingst dat in diel fan it hûs ôfbrutsen wurde moast foar nijbou. By dy nijbou waarden yn de kapekonstruksje dielen fan de iken kape fan it Siercksmahûs brûkt, in foarm fan recycling dy't eartiids hiel gewoan wie.
Op de plattegrûn fan Ljouwert dy't yn 1603 tekene is troch Johannes Sems is in mânske sealstins te sjen mei trije ferdjippings mei in sealdak der op. Hielendal efter yn de hof stiet noch in hûs fan de Siercksma’s oan de Minnemastrjitte. It hjoeddeiske pân op de hoeke fan de Minnemastrjitte en de Iewâl is dúdlik âlder as de neistlizzende pânen dy't om 1619 boud binne. It hûs dat Sems tekene hat bestiet dus noch.
Fan it hoekpân op it plak fan it Siercksmahûs is frij resint it dak, fan de bûnte knaachkever oanfretten iken kape restaurearre. Troch de feroaring fan kleurstelling hat it pân in metamorfoaze ûndergien. Dêrby is it giel sauze mitselwurk oerskildere yn in bakstienreade kleur en it houtwurk yn rjemmewyt. Troch dy kleurstelling stiet it pân prominint op de strjithoeke. Alle huzen tusken Grutte Heechstrjitte en Minnemastrjitte steane yn de eardere hôf fan Siercksmastins.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 15e en 16e iuw fam. Siercksma mei ûnder oare
- yn 1456 Doedo Surkisma, skepen en
- yn 1527 Tepke Allerts Sierxma, boargemaster en foud fan it weeshûs
- 1619 Joris Gerrits Camp
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|