Sien van Hulst
Juffer Aafke Gesina van Hulst (Harns, 28 jannewaris 1868 – Utert, 11 oktober 1930) wie inisjatyfnimster foar de wykferpleging en kreamsoarch.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De organisaasje fûn yn 1902 oansluting by de hurd groeiende organisaasje it Griene Krús. Se wurke foar it Griene Krús yn Fryslân en begûn al yn 1894 op eigen inisjatyf mei wykferpleging yn Harns. De fersoarging barde sûnt 1908 ûnder har trije R's: Rêst, Reinheid en Regelmaat. Yn 1896 rjochte se yn Harns in "Vereniging voor Wijkverpleging en Ziekenzorg" op. Yn Harns die se paadsljochtsjend wurk. It Harnzer magazyn waard ûnder har lieding sa goed ynrjochte dat it faak oan oare ôfdielingen as foarbyld steld waard. Doe't yn 1902 it Griene Krús yn Harns oprjochte wie wreide Sien van Hulst har wurk út oer heul Fryslân. Yn Harns organisearre hja mem- en bakerkursussen. Harns waard hjirtroch de "bakermatte" fan de bakers (âlde namme foar ferloskundigen). Sien van Hulst sette har yn foar promoasjedoeleinen, it opsetten fan ôfdieleing troch hiel Nederlân en foar it jaan fan kursussen. Yn de kursus hie se in soad omtinken oan it jaan fan boarstfieding. Se betocht de nije funksje wyk-kream-ferpleechster en wurke mei diplomearre ferpleechsters en baaksters, wat har fanút net-diplomearre hoeke op in soad kommintaar kwam te stean.
Doe't se ym 1930 ferstoar liet se har fermogen (sparre troch sunich te libjen) net nei oan har famylje, mar oan it Griene Krús.
Har útsprutsen ideeën oer kreamheinen beskreau hja yn har ferneamde boekje Reinheid, rust en regelmaat: een beknopte uiteenzetting, hoe moeders hare zuigelingen op de minst omslachtige wijze goed kunnen verzorgen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|