Springe nei ynhâld

Sichuanboskmûs

Ut Wikipedy
Sichuanboskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus latronum
Thomas, 1911
IUCN-status: net bedrige

De Sichuanboskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus latronum) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan de boskmûzen (Apodemus). Dizze soarte komt foar yn súdlik en sintraal Sina (de provinsjes Sichuan, Qinghai en Yunnan), eastlik Tibet, noardeastlik Yndia en noardlik Birma.

De Sichuanboskmûs is it naust besibbe oan 'e Súdsineeske boskmûs (Apodemus draco) en de Taiwaneeske boskmûs (Apodemus semotus). Inkeld wurdt er sels as in ûndersoarte fan 'e Súdsineeske boskmûs beskôge. Fan 'e Sichuanboskmûs binne yn 'e Sineeske provinsjes Sichuan, Guizhou en Shandong fossilen fûn dy't tebek geane oant it Iere Pleistoseen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.