Siccamastate (Makkum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Siccamastate wie in state oan it Ingwiersterleantsje yn Makkum, gemeente Wûnseradiel. Op it steed fan de state stiet yn 2010 in wenhûs út de tritiger jierren fan de tweintichste iuw.

It hûs waard boud yn de Midsiuwen. Fan de trije states dy't yn Makkum stien hawwe, nimt dizze state kwa âlderdom it middelste plak yn. De state wie grif folle âlder as de Haytsmastate. De state stie op in strategysk plak: oan de âlde rydwei rjochting Wûns. Ek de oanwêzichheid fan in wier wiist derop dat it hjir om in âld histoarysk plak giet.

Yn it gemeenteargyf yn Wytmarsum, is in stik oer de stimhawwende pleatsen fan Wûnseradiel út de jierren 1640 en 1698. Dêryn stiet dat yn 1640, Siert Pytters de Siccamastate hiert fan Taco fan Camminga út Arum. Mar yn de Schotanus atlas út 1664 stiet in symboal foar in ferneatige edele state op it steed fan de state. Dêrút kin opmakke wurde dat de state tusken 1640 en 1664 ôfbrutsen wêze moat. Yn de Schotanus-Halma atlas út 1718 stiet op it plak dêr't de state stien hawwe moat in wier ôfbylde.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1640 Siert Pytters

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: